Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ026814

Een sage (mondeling), donderdag 07 september 1967

Hoofdtekst

Myn man hie in suster. Dy har jonge is geastlik deatsjoend. Myn mem wenne dêr as buorfrou njonken. Mem sei, hja hie sjoen, dat der mei ljochtmoanne twa hinne kuijere wienen. Dat hienen âlde Ot en Alle Tet west. Dy kommen dêr om to sjen hoe't it mei it bern wie. En doe hie der hwat boven op it dak lein, dat wie rjochtút en seach der út as in minskegedaente.
Jetse van der Veen, de heit fan de sike jonge, gong nei de duvelbanner Wopke ta fan Kûkherne. Wopke joech him in drankje mei. Hy sei: "Nou komme der strak twa froulju by jimmes. De iene komt fan d_ kant, de oare fan 'e oare kant. Mar dy't fan d_ kant komt, dat is de minste." (Dat wie Ot.) Wopke sei ek noch: "Underweis sil der dy in houn tomjitte komme. Tink der om, dat it fleske net brekt as dy houn by dy opspringt.
Mar it wie al sa. Der kom ûnderweis in houn oan, en dy sprong by him op. Doe rekke de drankflesse stikken en hy wie de drank kwyt. Doe Jetse hurd werom nei Kûkherne ta om in nije drank.
Doe't er thúskom, sieten de beide froulju by him yn 'e hûs, dêr't de duvelbander 't oer hawn hie.
De iene, dy't de iene kant út wei kom wie, dat wie Ot. Dat wie de slimste, in greate tsjoenster.
Jetse sei: "Hwa fan jimme beiden is mei myn bern oan 'e gong?"
"Ikke net! Ikke net!" rôpen se allebeide.
Mar it bern hie sangene-blau west en it is letter stoarn.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

De vader van een betoverd kind ging naar Wopke, de duivelbanner in Kûkherne. Hij kreeg een drankje mee en de waarschuwing dat er op de terugweg een hond tegen hem op zal springen en dat hij dan moet uitkijken dat het flesje niet breekt. Ook zullen er twee mensen bij hem thuiskomen, waarvan de linker het slechtst is. Inderdaad brak het flesje toen onderweg een hond tegen de vader opsprong, en hij moest weer terug voor een nieuw flesje. Het kind is toch gestorven.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 268, verhaal 14

Commentaar

7 september 1967
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Ot    Ot   

Alle Tet    Alle Tet   

Jetse van der Veen    Jetse van der Veen   

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21