Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027101

Een sage (mondeling), zondag 10 september 1967

Hoofdtekst

Myn pake fortelde:
Der wienen us in man en in frou. Dy frou rekke us in kear great mei in oare man. Dat woarde har eigen man gewaer. Doe sei har man tsjin har: "Ik sil der gjin spul om meitsje, en der noait wer oer prate, ast míj mar jowste, hwatst der oan fortsjinne hast."
Doe joech dy frou har man in goune en dy died er yn 't festjebûske.
Mar as it kofjedrinkerstiid woarde of iterstiid, dan krige dy man altyd de goune út it festjebûske en dan lei er dy op 'e tafel, tusken him en syn wiif yn. Mar hy praette der noait oer.
It minske koe dat op in duer net forneare. Hja is bigong to kwinen en is op it lêst stoarn.


Beschrijving

Een man kwam er eens achter dat zijn vrouw was vreemd gegaan. Hij wilde de gulden hebben die ze daarmee verdiend had, en ze zouden er nooit meer over praten. Maar elke dag met koffietijd of etenstijd nam de man die gulden uit zijn vestzakje, en legde die tussen hen in op tafel. Op den duur is de vrouw daardoor gaan kwijnen en ze is gestorven.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 271, verhaal 1

Commentaar

10 september 1967

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21