Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027301

Een sage (mondeling), dinsdag 10 oktober 1967

Hoofdtekst

Hwat ik nou fortel is al lang lyn. Myn suster hie in jonkje, en dat wie net goed. Har buorfrou wie in âld minske, dat hiet fan Gjertsje. Dy kom noait fierder as de drompel, en dan frege se nei 't jonkje. Sy kom noait yn 'e hûs. Op in kear, doe hie se der ek wer west. Sy wie noch mar krekt fuort of doe kom der in fremde kat by myn suster en dy yn 'e hûs. Dy fortrouden se net en sy ha him sa bot slein dat hy rekke der wer út.
De jouns kom âlde Tsjalling by myn suster en dy. Dat wie de man fan Gjertsje.
"Och, och," sei er, "Gjertsje leit op bêd, hwat is 't in spul. Sy is samar ynienen siik woarn. Ik wyt net hwat har skeelt." Gjertsje hat dêr net wer west. Sy hat earst noch in bytsje better west, mar al ridlik gau dêrnei is se stoarn. Doe't se dea wie, wie se alhiel slop. Dêr koe men oan wite, dat it in tsjoenster wie. It wie in roungear bultsje, men koe eins net sjen hwat it wie.
Us mem sei: "Jimme matte it kessen fan 't bern us neisjen." Dat ha se doe dien. It siet fol krânskes. It wienen allegear krânskes ynpleats fan fear.


Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een kind was ziek, en de buurvrouw kwam geregeld vragen hoe het ging. Ze kwam nooit verder dan de drempel. Op een keer kwam er een zwarte kat, precies op het moment dat de buurvrouw vertrokken was. Die hebben ze vreselijk geslagen. De volgende dag lag de buurvrouw ziek op bed, en ze is vrij snel daarna gestorven. Haar lijk bleef slap, zodat ze toen zeker wisten dat ze een heks was. In het kussen van het kind werden kransen in plaats van veren gevonden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 273, verhaal 1

Commentaar

10 oktober 1967
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Gjertsje    Gjertsje   

Tsjalling    Tsjalling   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21