Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027514

Een sage (mondeling), dinsdag 19 september 1967

Hoofdtekst

Op in kear doe wied er to meanen achter Ljouwert by in boer. Doe hied er in droom. Hy droomde dat syn mem dea wie.
"'k Mat nei hûs ta", sei er de oare moarns tsjin 'e boer.
Mar de boer woe der neat fan hearre, hwant it wie ien stik wurk. "In droom is in droom", sei er. "It hoeft net. Dû bliuwst hjir."
Mar pake sei: "Ik gean àl, ús mem is stoarn."
Hy gong nei hûs ta, hoe't de boer ek sei dat er him net misse koe.
Pake roan nei hûs ta.
Doe't er by de doar kom, kom syn suster foar. "Hast de brief net krige?" sei se.
"Né," sei er, "ik wyt fan gjin brief."
"Mem is al opdroegen woarn", sei se. Doe is er werom gong nei de boer ta.


Beschrijving

Een man droomde tijdens het werk eens dat zijn moeder dood was. De boer wilde hem niet laten vertrekken, maar de volgende dag ging hij toch naar huis. Daar bleek dat zijn moeder al begraven was. De brief over zijn moeders dood had hij nooit gekregen. Hij maakte rechtsomkeert naar de boer.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 275, verhaal 14

Commentaar

19 september 1967

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21