Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027804

Een sage (mondeling), woensdag 01 november 1967

Hoofdtekst

Jan Hepkes fan Surhústerfean koe 't altyd moai sizze.
Japik Laverman wenne ek op 't Fean. Dy hie buorkerije. Op in simmer doe siet Japik Laverman yn 'e haeijnge. Doe kom er by Jan Hepkes of dy him ek yn 't hea helpe koe. 't Wie prachtich waer.
Jan gong mei him. Doe't er Japik de hiele dei holpen hie frege Japik: "Hwat mast nou fan my ha?"
Jan Hepkes sei: "Dû bist fader en foogd oer my."
Doe joech er Jan Hepkes in daelder. Dat wie fansels fiersto min.
De oare deis wie 't wer moai waer. Dêr kom Japik Laverman wer it paedtsje del nei Jan Hepkes ta. Jan siet op 'e stoel mei de holle foardel en de egen ticht.
"Heden, heden, hwat nou, jonge", sei Japik. "Ik tocht datstû my hjoed wer helpe soest yn 't hea."
Mar Jan sei: "Ik kin hjoed net."
"Hwat skilt der dan oan", frege Japik.
"Dat sil 'k dy sizze, jong", sei Jan. "Hjir sit myn daelder." En hy wiisde in plak oan tichte by de hals.
"En as dêr nou èk noch in daelder bovenop komt, bin 'k bang dat ik smoar."


Beschrijving

Een man gaf een ander, die hem heel de dag in het hooi had geholpen met werken, slechts een rijksdaalder. De volgende dag hoopte de man dat de ander hem weer zou komen helpen. Maar die wees naar zijn nek en zei dat zijn daalder daar zat en dat als er nog een daalder bovenop zou komen, hij bang was te stikken.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 278, verhaal 4

Commentaar

1 november 1967

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Japik Laverman    Japik Laverman   

Fean    Fean   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Veen    Veen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21