Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0287A13

Een sage (mondeling), 1951

Hoofdtekst

Op 'e Burgumer Nijstêd wenne in feint by in boer. Dy feint seach op in nacht in deakiste oer de flier stean. Hy hiet fan Jan. Hy miende dat er droomde. Hy frege: "Och heden, hwa mat dêr yn?" Deselde dy't yn 'e kiste [lei] sei: "Jan." Doe gong Jan fan 't bêd ôf en hy nom de skjirre en hy knipte deselde dy't yn 'e kiste lei in stik út it hier.
De oare moarns sei de boerinne tsjin 'e feint: "Heden Jan, dû hast in stik út it hier."
Jan woarde bleek doe't er dat hearde en hy makke maeije mei de lju. Hy woe der net langer bliuwe. Hy bistege him ergens oars. Mar nei forrin fan in jier twa, trije, woed er syn âld boer doch us wer opsykje.
Hy giet der hinne, mar falt samar dea del op it hiem. De kiste kom op it plak to stean, dêr't Jan altyd slept hie.

Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

Beschrijving

Een knecht, Jan, ziet op een nacht een doodskist met een dode erin in de kamer staan. Jan knipt een plukje haar van de dode af. De volgende ochtend heeft Jan zelf een stuk uit zijn haar. De bange Jan zegt zijn betrekking op en vlucht. Als hij weken later toch weer terugkomt bij zijn oude baas, valt hij prompt dood neer op het erf. Zijn kist komt op dezelfde plek te staan als Jan eerder zag. Het is een voorgezicht geweest.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 287A, verhaal 13 (archief MI)

Commentaar

1951
Der Sarg gesehen

Naam Overig in Tekst

Burgumer Nijstêd    Burgumer Nijstêd   

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21