Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ029501

Een mop (mondeling), 1953

Hoofdtekst

De trije buchels.
Trije bruorren hienen elk in buchel. Ien fan har wie troud, dêr wennen de beide oaren by yn.
De frou woe dy beide oaren graech slite, dêr hie se skjin har nocht fan. Mar sy wie liep en woe 't op in foardelige menier dwaen.
Sy gong nei in omstipper ta en sei: "Wolle jo hwat fortsjinje?"
Dêr wied er wol foar to finen.
"Forsûp dan dy iene buchel. Smyt him yn 't wetter."
Dat woarde akkoarte.
Doe't er syn wurk dien hie, kom er by de frou om syn jild to barren. Hy sei: "Ik ha him forsûpt."
"Né," sei se, "sjoch, dêr sit er." Dat wie syn broer dy se ek graech slite woe, sûnder der foar to biteljen.
Doe forsûpte de man dy èk, hwant hy tocht net oars as dat it deselde wie en dat er heal wurk makke hie.
Doe't er dan dy twadde buchel èk forsûpt hie, gong er wer nei de frou ta om syn bileanning, mar doe kom krekt de trêdde thús.
"Nou is 't raer," tinkt er, "nou leeft er dan wrachtich nòch." En hy pakt him en forsûpt him.
Dan giet er wer nei de frou ta.
"Och heden," sei se, "nou binne se alle trije forsûpt, myn man ek. Dat wie de bidoeling net."


Onderwerp

AT 1536B - The Three Hunchback Brothers Drowned    AT 1536B - The Three Hunchback Brothers Drowned   

ATU 1536B    ATU 1536B   

Beschrijving

Een rijke vrouw is getrouwd met één van drie gebochelde broers. Omdat ze de twee inwonende broers van haar man liever kwijt dan rijk is, besluit ze hen op een voordelige manier weg te werken. Ze looft een beloning uit aan een landloper, als die één van de bultenaars verzuipt. De landloper doet dit, maar ontvangt geen beloning omdat de listige vrouw door op de tweede broer te wijzen net doet of hij de opdracht nog niet volbracht heeft. Als de landloper op de derde bultenaar - de echtgenoot - stuit, denkt hij dat het hem weer niet gelukt is de bultenaar te doden. Ook de derde broer is hetzelfde lot beschoren en de sluwe vrouw raakt haar man kwijt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 295, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

1953
The Three Hunchback Brothers Drowned

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21