Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ031601

Een sage (mondeling), vrijdag 12 januari 1968

Hoofdtekst

Antsje Snipel wie hjir froeger de kaertlizter. Dêr reizge hiel hwat jongfolk hinne.
Ik wie to Ljouwert oan 't wurk. 'k Wie noch jong, sa'n tritich jier. Mei in stik of hwat maten gong ik op in joun dêr nei in kaertlizter ta. Hja frege of wy troud wienen.
Hja krige my by de hân. "Jo krije in ûngelok", sei se.
"Ha 'k al in pear kear hawn", sei 'k.
"Dit wurdt nochal hwat in ûngelok," sei se, "yn Ljouwert."
"Yn 't wetter?" frege ik.
"Ja", sei se.
Hja hie dêr de swarte spegel to hingjen.
"Jo sille binnentkoart trouwe", sei se.
"'t Liket der nou net nei", sei 'k.
Hja seach wer yn 'e kaert.
"Trije bern krije jo. Twa famkes en ien jonge. Net in greate húshâlding."
"Ik bin ek net foar in greate húshâlding," sei 'k, "dan mat ik tofolle arbeidzje."
Ik soe in ûngelok yn Ljouwert krije. Dat ûnthâldde ik. Yn 't wetter.
It wurk wie sahwat ôfroun, mar in ûngelok hie 'k noch net hawn. Ik sei tsjin myn kameraden: "Ik sil har sin dwaen."
Wy moesten oer in planke kroadzje, dy't oer in goeije sleat lei, dêr't sa'n twintich tûme wetter yn stie.
"Ik lit my aenst mei kroade en al by de planke delglide", sei 'k.
"Forrek dû", seinen de oaren. Sy woenen 't net leauwe.
't Wie tsjin 'e joun oan. 't Wie oan 't lêste kroadfol ta dat noch oer de planke moest.
Yn 't midden rekke ik mei de kroade der yn. 'k Die it mei opset sin.
Ik ha noait troud west.

Onderwerp

SINSAG 0688 - Der Zauberspiegel    SINSAG 0688 - Der Zauberspiegel   

Beschrijving

Kaartleester Antsje Snipel voorspelt in een spiegeltent de toekomst van een stel kameraden. Één van de mannen zal een ongeluk te water krijgen. Dezelfde man zal bovendien gauw trouwen en vader worden van twee dochters en een zoon, aldus Antsje. De man is ervan overtuigd dat de toekomstvoorspellingen niet uitkomen. Om de kaartleester te plezieren veroorzaakt hij zelf moedwillig een val in het water. Hij is echter nooit in het huwelijk getreden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 316, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

12 januari 1968
Der Zauberspiegel.

Naam Overig in Tekst

Antsje    Antsje   

Antsje Snipel    Antsje Snipel   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21