Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ033305

Een sage (mondeling), vrijdag 02 februari 1968

Hoofdtekst

Der lei in boatsje omkeard op 'e kop yn 'e berm fan 'e Boppewei. Dêr sieten twa man ûnder. Doe kaem de dûmny der oan. Dy stapte troch. Doe kamen dy beide mannen ûnder 't boatsje wei. Sy kamen him op side. Doe seinen se: "Jouw geld of jouw leven!"
Dûmny joech har de sinten dy't er yn 'e bûs hie.
"Segen mei 't jild", sei er.
Sy lieten de dûmny fierder gean en dy kaem yn Feanwâlden. Letter gong it dy beide mannen hiel bêst. Fan de sinten fan 'e dûmny bigongen se to handeljen, en dat slagge mar goed. Sy woarden wolstelde lju.
Doe brochten se op in kear dûmny de sinten wer, dy't se roofd hienen. Sy fregen of dûmny wol wiste dat er sein hie: "Segen mei 't jild."
De dûmny wist dat net mear, mar hy wie bliid dat de mannen op it goede paed kaem wienen. Hja hienen it doe út earmoed dien.

Beschrijving

Twee rovers houden zich schuil onder een omgekeerde boot teneinde de dominee te overvallen. Als de dominee zijn geld ontnomen wordt, zegt die 'zegen met het geld'. De rovers beginnen handel te drijven met het geroofde kapitaal en doen goede zaken. Als ze de dominee later het geld teruggeven, herinneren de mannen hem aan de zegen die hij destijds over het geld heeft uitgesproken.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 333, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

2 februari 1968

Naam Locatie in Tekst

Boppewei    Boppewei   

Feanwâlden    Feanwâlden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21