Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ033504

Een sage (mondeling), vrijdag 16 februari 1968

Hoofdtekst

In arbeider hjirwei gong to ûngetiidzjen nei in boer, dy wenne ergens yn 't wetterlân yn Fryslân.
De boer sei op in kear: "It spoeket hjir op 't tsjerkhôf altyd nachts om tolve ûre, fral mei brodzich waer. Dan doart der net ien op 't tsjerkhôf to kommen."
"Ikke wol," sei de ûngetider, "it mat raer komme as se my bang meitsje sille. Om spoeken jow ik neat."
Op in kear sei de boer: "Nou is 't krekt spoekewaer. Nou moatstû mar us om tolve ûre fan nacht in pear slaggen om it tsjerkhôf hinne rinne."
"Dat kin wol", sei de ûngetider. Hy gong dy jouns nei de takkebult en socht dêr in grouwe kneppel út.
Mar de feint fan 'e boer wie dy jouns samar stikum weiwoarn.
Doe't it tolve ûre wie gong de ûngetider mei syn stok op stap. Hy die in heale slach om 't tsjerkhôf. By 't barehúske seach er in wyt ding lizzen.
De ûngetider bleau stean en seach der nei. Hy sei: "Spoek of gjin spoek, mar stjerre silste."
En hy klapte sa bot mei syn stok, dat deselde dy't ûnder it wyt lekken lei sprong oerein en raesde it út fan 'e pine.
Hy naeide hurd út. It wie de feint fan 'e boer.
Hy hie sa'n klap hawn, dat hy koe de earste dagen net by de boer komme.
(Dit forhael wurdt ek wol forteld, dan seit de ûngetider: "Bist fan 'e goede, kom ta my. Bist fan 'e kweade, wyk fan my." Dan naeit it 'spoek' út.)


Onderwerp

VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop    VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   

ATU 1676    ATU 1676   

sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"    sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"   

Beschrijving

Een knecht pocht tegen de boer niet bang te zijn zich met 'spookweer' naar een spookplaats – het kerkhof – te begeven. Als de knecht – gewapend met een stok – rond middernacht op het kerkhof ronddoolt, ziet hij prompt een wit spook. Als hij vervolgens hard op het spook inslaat, blijkt het een andere knecht te zijn die zich als spook verkleed heeft. Het 'spook' springt onder het laken vandaan en raast het uit van pijn.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 335, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

16 februari 1968
Spookspelen: twee witten met een zwarte erop

Naam Locatie in Tekst

Fryslan    Fryslan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21