Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ033509

Een mop (mondeling), vrijdag 16 februari 1968

Hoofdtekst

Twa poepen wienen nei Fryslân taset. Sy hienen in seine by har en in sekje op 'e rêch. 't Wie moai ljochtmoanne waer. Sy hienen ûnderweis oanstutsen en sy kamen by 't Alddjip. Sy wienen op 'e brêge. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hea, dêr leit in tsyske yn 't wetter. Dat kinne wy dêr samar net lizze litte."
"Hoe komme wy dêr by?" sei de oare.
"Ik gean oan 'e leuning hingjen, dan klaustû mar by my del en dû pakst de tsiis."
Dat dienen se.
"Meitsje hurd oan," sei deselde dy't oan 'e leuning hong, "hwant ik kin dy sa lang net beet hâlde."
De oare sei: "Even geduld. Ik haw him omtrint."
Doe sei de earste: "Wacht even, ik mat even yn 'e hannen spuije." Dat soed er dwaen. Hy liet de leuning los, mar doe ploften se allebeide ta 't majum yn.

Onderwerp

AT 1336 - Diving for Cheese    AT 1336 - Diving for Cheese   

ATU 1336    ATU 1336   

Beschrijving

Twee domme hannekemaaiers – ook 'Poepen' geheten – zien de weerspiegeling van de maan in een sloot aan voor een kaas en proberen het ding vergeefs te grijpen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 335, verhaal 9 (archief MI)

Commentaar

16 februari 1968
Diving for Cheese

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Alddjip    Alddjip   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21