Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ033510

Een mop (mondeling), vrijdag 16 februari 1968

Hoofdtekst

Dêr kamen trije poepen yn Fryslân, dy woenen de Fryske tael leare. Sy kommen in man tsjin mei in jonkje by de hân.
It jonkje sei: "Sjoch heit, trije poepen."
"Dat sil 'k ûnthâlde," sei de earste fan 'e trije poepen, "trije poepen."
Doe efkes letter seagen se in faem, dy siet to melken.
"Om kou, om kou", sei se.
"Hark", sei de twadde poep. "Om, kou. Dat sil ik ûnthâlde."
Wer in eintsje fierder seagen se in timmerman. Dy wie oan 't skaven mei planken. Hy seach der us by lâns en sei: "Dat is rjocht."
"Dat is rjocht, dat is rjocht", sei de trêdde. "Dat wol ik ûnthâlde."
Doe kommen dy trije poepen troch in bosk.
"Sjoch," sei de iene, "dêr hinget in keardel yn 'e beam krekt yn 't paed. Dy hat him hjir ophong."
Sy kommen der by to stean. "Hy is goed dea", sei de iene. "Wy matte mar nei de plysje ta", sei de oare.
Sy gongen dêr hinne en seinen: "Der hinget in keardel yn 'e bosk."
De plysje gong mei en de man woarde lossnien.
"Kom mar mei", sei de plysje tsjin 'e trije poepen.
Doe moesten se alle trije foar it gerjocht komme.
De rjochter frege: "Hwa hat him ophong?"
Doe sei de earste poep: "Trije poepen."
De rjochter frege: "Hwerom ha jim dat dien?"
Doe sei de twadde poep: "Om kou."
Doe sei de rjochter: "Alle trije de gefangenis yn."
"Dat is rjocht", sei de trêdde poep.

Onderwerp

AT 1697 - "We Three; For Money"    AT 1697 - "We Three; For Money"   

ATU 1697    ATU 1697   

Beschrijving

Drie domme hannekemaaiers – ook wel Poepen geheten – willen de Friese taal leren en onthouden respectievelijk de drie zinnen 'Trije Poepen' (Drie Poepen), 'Om kou' (om een koe) en 'Dat is rjocht' (Dat is goed). Als de drie lichten de politie willen inlichten over een opgehangen kerel in het bos, antwoorden ze op de vraag 'Wie heeft hem opgehangen?' prompt 'Drie Poepen'. Op de vraag waarom ze de man hebben opgehangen, laten de drie maaiers 'om een koe' horen. Als de rechter uitroept hen in de gevangenis te zullen gooien, roepen de Poepen in koor 'dat is goed'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 335, verhaal 10 (archief MI)

Commentaar

16 februari 1968
"We Three; For Money"

Naam Overig in Tekst

Poepen    Poepen   

Fries    Fries   

Fryske    Fryske   

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21