Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ034011

Een legende (mondeling), donderdag 29 februari 1968

Hoofdtekst

Myn man en ik hienen forkearing. Myn man wie doe sa'n sauntsjin jier en ik miskien sa'n fyftsjin.
Op in kear krigen wy rûzje en de forkearing rekke út. Ik krige kunde oan in oare feint, dy't ik ek wol lije mocht.
Mar myn lettere man roan om mei wraekgefoelens. Hy wie lulk en as er lulk wie, dan wie 't net bêst.
Ik en myn suster Ynsk soenen op in joun togearre oer de Bulten. Doe stie dêr in kroade oan 'e kant fan 'e wei.
"Goeije navend", sei Ynsk.
"Hwerom seistû goeije navend tsjin in kroade?" sei 'k.
"Sjochstû dan net, dat dat net in gewoane kroade is? 't Is in hiele nuvere kroade", sei Ynsk.
Doe woarde ik eangstich, en Ynsk ek. Wy setten fluch de stap der ûnder.
Mar wy wienen noch mar in eintsje, dêr kom dy kroade al oansweven, achter ús oan. Wy rinne, sa hurd as wy mar koenen. De kroade ús nei. Wy woenen de kant nei 't tsjerkhôf út, dat wie ús doel, mar de kroade jage ús de oare kant út.
Doe't wy dat in hiel ein út wienen, wie de kroade samar ynienen fuort.
In dei of hwat letter praette ik mei myn lettere man. Ik fortelde him, dat der in kroade stien hie yn 'e wâl fan 'e Fûgelkamp en dat dy ús achterneisitten hie en dat wy sadwaende
net op 'e Bulten kom wienen.
Doe sei myn man: "Dat is al eigenaerdich. Ik stie de jouns op 'e hoeke op jimme to wachtsjen. Ik wist dat jimme dêr lâns komme soenen en dêrom wachte ik jim dêr op. Ik hie rare gedachten en siet fol wraekgefoelens. Ik hie 't mes iepen. Ik stie net foar mysels yn."
Dy kroade, dat hat in macht west, dy't ús biskerme hat.

Onderwerp

TM 5002 - Beschermengel biedt bijstand    TM 5002 - Beschermengel biedt bijstand   

Beschrijving

Een jongen koestert wraakgevoelens jegens zijn ex-geliefde omdat zij het met een andere man houdt. Hij is voornemens haar te doden - het mes ligt al in zijn hand - en wacht haar op. De vrouw wordt beschermd door een kruiwagen die, achter haar aan zwevend, haar route dirigeert.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 340, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

29 februari 1968
Beschermengel biedt bijstand

Naam Overig in Tekst

Ynsk    Ynsk   

Bulten    Bulten   

Fûgelkamp    Fûgelkamp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21