Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ034327

Een sage (mondeling), woensdag 20 maart 1968

Hoofdtekst

Sibe-om, dat wie in âld-omke fan my. Hy en syn earste frou hienen togearre in bern. Dat wie har earste bern. Dat bern gûlde nachts altyd. Dat klonk sa eangstich, dat sy makken har ûngerust.
Doe gong Sibe-om nei Rottefalle ta, dêr wenne Frânse Hinke, dat wie in duvelbanster. Dat minske joech him in fleske mei drank mei. Sy sei: "Dêr matte jo tige foarsichtich mei wêze. Doch it fleske mar yn 'e binnenbûs, hwant oars kin 't wol us kapot gean ûnderweis."
Doe't Sibe-om omtrint thús wie, doe kommen der in pear katten oan, dy fleagen him by 't boarst op. Hy koe se hast net mear keare. Mar hy is hiel mei 't fleske yn 'e hûs kom.
Frânse Hinke hie sein, de earste dy't by him yn 'e hûs kom om nei 't famke to freegjen, dat wie de tsjoenster. Hwant it bern wie bitsjoend.
Doe wie dat Sibe-om syn eigen mem.
"Hoe is 't mei 't berntsje?" frege se.
"Dat sil 'k dy fortelle, dû âlde duvel," hie Sibe-om sein, "mast gau sjen datst ta de keet út komste, hwant dû hast it bern bitsjoend, oars net ien!"
Hy hat syn men dêr noait wer ha wold.
Fan 'e earste ûre ôf dat it bern fan 'e drank ynnom, woarde it better.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een huilende baby blijkt betoverd. Duivelbanster Frânse Hinke geeft de vader een drankje mee. Frânse waarschuwt de vader het medicijn goed onder zijn jas te verbergen, omdat het wel eens stuk zou kunnen gaan onderweg. De voorspelling komt uit: een stel felle katten springt de vader onophoudelijk naar de borst om hem het flesje afhandig te maken. De vader slaagt er uiteindelijk in het drankje heel thuis te krijgen. Frânse voorspelt ook dat de eerste persoon die thuis naar het zieke kindje komt vragen, de heks is. Het komt precies zo uit: de vader verjaagt de boze heks.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 343, verhaal 27 (archief MI)

Commentaar

20 maart 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Sibe-om    Sibe-om   

Frânse Hinke    Frânse Hinke   

Frânse    Frânse   

Naam Locatie in Tekst

Rottefalle    Rottefalle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21