Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035109

Een mop (mondeling), maandag 25 maart 1968

Hoofdtekst

Froeger leefden der twa gaudieven, dat wienen Watse Grippert en Piter Spaa. It wie yn 'e winter en tige krap. De beide gaudieven hienen neat mear yn 't fetpantsje. Dat wie leech. Dêrom soenen se togearre mar in skiepke slachtsje. De boer hie skiep genôch.
De beide mannen wienen togearre yn 't lân. Sy hienen krekt it skiep slachte en 't ark wer oppakt, doe sei Watse: "Piter, rinne, der komt ien oan."
Piter naeide út en Watse naeide èk út. Se gongen elk in kant út.
Mar Watse kom werom. Hy hie Piter mar hwat wiismakke. En doe helle Watse 't spul op. It hiele skiep wie nou foar him allinne.
Trije jounen letter frege Watse Piter mei de frou to jounpraten.
Sy krigen froeger by 't jounpraten earst kofje en dan nijsean iten. Dat waerm miel krigen se sahwat om alve ûre hinne.
Piter hie al us sein: "'t Rûkt hjir lekker." Sy krigen allegear in grou stik fleis en dêr ierpels by. Sûpenbrij krigen se achternei.
Doe sei Watse tsjin Piter: "Wytst wol, hwatst nou iten hast? Dat is fan 't skiepke dat ik en dû fan 'e wike slachte ha." Doe't Piter en 't wyfke dy nachts nei hûs gongen krige Piter syn part mei.
(dit fortelde pake (vergelijk Japik Ingberts))

Onderwerp

VDK 1525Z* 11 - Japik Ingberts steelt met een collega een schaap    VDK 1525Z* 11 - Japik Ingberts steelt met een collega een schaap   

Beschrijving

Twee hongerige dieven, Watse en Piter, besluiten in een koude winter een schaap van de boer te slachten. Als ze het dier geslacht hebben, waarschuwt Watse Piter dat er iemand nadert. Watse heeft Piter voor de gek gehouden: hij rent in beginsel even hard weg als Piter, maar komt stilletjes teruggeslopen om het schaap op te halen.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 351, verhaal 8 (archief MI)

Commentaar

25 maart 1968
Japik Ingberts steelt met een collega een schaap

Naam Overig in Tekst

Watse Grippert    Watse Grippert   

Watse    Watse   

Piter Spaa    Piter Spaa   

Piter    Piter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21