Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035701

Een sage (mondeling), maandag 01 april 1968

Hoofdtekst

Willem Sjutsjes wenne yn Jistrum. Syn heit wie bargekoopman. Op in kear hearske hjir de fleksykte ûnder 'e bargen. Der wie ek in boer: Marten Posthumus, dy wenne yn de Poes, dy hie ek fleksykte ûnder 'e bargen. Sokke bargen mochten net forfierd wurde. Mar de boer woe se graech kwyt en Willem Sjutses soe se dan mar nei Grins ta forfiere. Dat wie fjirtich kilometer, dus in moai ein riden.
"Ik laedde de bargen op by Marten Posthumus," sei Willem Sjutsjes, "en doe krige it hynder fiifkop swarte hjouwer (ierripe hjouwer). Doe seach it hynder al sa swart as hwat doe't er dy swarte hjouwer hawn hie. Krekt as wie 't lulk ('t Wie in rún mei in hiele greate roune brune kop, in hiel apart beest.)
Ik dêrmei op Grins yn. Ik soe nei de fémerk ta en frege dêr oan in plysje, hwer't dy fémerk wie. De plysje wiisde it oan. Doe soed er nòch hwat sizze, mar doe wie samar ynienen de hiele plysje fuort. Ik tochte, hjir bigryp ik neat fan.
Ik seach wol dat de rún tige swart seach. Ik levere de bargen ôf en doe gong 't werom út Grins wei.
Underweis bleau de rún stean to skiten. Doe skiet er in plysjeskoech út. Doe wist ik hwer't dy plysje bidarre wie dêr yn Grins. De rún hie him opfretten mei hûd en hier."

Beschrijving

Een man die - ongeoorloofd - met vlekkenziekte besmette varkens vervoert, ziet allerlei vreemde dingen. Zijn bruine paard kleurt zwart na het eten van zwarte haver; een politieagent verdwijnt plotseling in het niets. Even later poept het zwarte paard de politieagent uit.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 357, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

1 april 1968

Naam Overig in Tekst

Willem Sjutsjes    Willem Sjutsjes   

Marten Posthumus    Marten Posthumus   

Poes    Poes   

Naam Locatie in Tekst

Jistrum    Jistrum   

Grins    Grins   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21