Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ036003

Een mop (mondeling), maandag 08 april 1968

Hoofdtekst

Der wie in pastoar, dy kom faek by in boerinne. De boer hie dêr net in goed each oer. Hy hie us murken dat, as de boerinne de pastoar útliet, dan roan se in eintsje mei him op, en dan gebeurde der hwat by in bipaelde beam yn 't hôf.
Doe sei er us op in kear tsjin 'e lytsfeint: "De boerinne bringt de pastoar altyd in eintsje fuort. Astû dêr jinsen boppe yn 'e beam sitten gieste en dû sjochst even hwat dêr gebeurt, en dat fortelst my, dan krigest fan my in healpoun tabak en in kwartsje."
De jonge gong nei de beam ta en klom der yn.
Even letter dêr kommen de pastoar en de boerinne oan. En dat rekke los, ûnder 'e beam. Op 't lêst, doe hie de pastoar de boerinne sa fier.
Doe sei de boerinne: "As hjir nou ris hwat fan komt, hwa redt der dan mei?"
"Dy't hjir boven is, sil der mei rêdde", sei de frome pastoar. Mar dat hearde de jonge yn 'e beam en dy rôp: "Om 'e duvel net! Net foar in healpoun tabak en in kwartsje!"

Onderwerp

AT 1355C - The Lord Above Will Provide    AT 1355C - The Lord Above Will Provide   

ATU 1355C    ATU 1355C   

Beschrijving

Een boer vermoedt dat zijn vrouw scharrelt met de pastoor en beveelt zijn knecht zich in de boom boven hun ontmoetingsplaats schuil te houden. De jongen zal een half pond tabak en een kwartje als beloning krijgen, aldus de boer. Als de boerin zich bezorgd afvraagt wie haar moet helpen 'als hier wat van komt', stelt de pastoor haar gerust dat 'Hij die hier boven is' hen zal redden. De jongen die vanuit de boom op het vrijende stel neerkijkt, roept prompt 'Om de duivel niet! Niet voor een half pond tabak en een kwartje!'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 360, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

8 april 1968
The Lord Above Will Provide

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21