Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ036117

Een sage (mondeling), woensdag 27 maart 1968

Hoofdtekst

Us heit hie in feint. Dat wie in sekere Atse Spoar. Hy wenne yn Burgum. Dy leaude oan neat. Op in jountyd hied er fuort west. Sahwat om in ûre of tsien, alve kom er thús. Alhiel fan 'e wize. Hy fortelde hwat er bileefd hie.
Der wie in greate, swarte houn oankom en dy wie foar him bleaun en dy hie krekt sa dien as hy die.
As hy nei de linkerkant fan 'e wei gong, dan dy houn ek. Gong er nei de rjochterkant fan 'e wei, dan gong de houn dêr ek hinne. Atse woarde bang en sei: "Heare, nim dy houn dêr wei."
En dat die de Heare ek.
Mar doe't Atse in eintsje fierder wie, doe tocht er: "Hwat bin ik in stommerik. Ik hie dy houn tsjin 'e bealch oan skoppe matten."
En hy hie 't net sein, of dêr wie dy houn wer.
Doe woarde Atse oars. Doe sei er: "Ja, Heare, nou leau ik it wol. Wolle jo him der wei nimme?"
En hy hie 't net sein, of de houn wie fuort.

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Een ongelovige spotter wordt opgeschrikt door een grote zwarte hond. De man bidt de Heer het dier bij hem weg te halen. De Heer verhoort zijn gebed.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 361, verhaal 17 (archief MI)

Commentaar

27 maart 1968
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Overig in Tekst

Atse Spoar    Atse Spoar   

Heare    Heare   

Heer    Heer   

Atse    Atse   

Naam Locatie in Tekst

Burgum    Burgum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21