Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038303

Een sage (mondeling), vrijdag 03 mei 1968

Hoofdtekst

It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht.
Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik.
Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha."
De oare moarns sei 'k tsjin heit: "Hwat wie 't nou, heit?"
"Jimme ha trije dingen sjoen", sei er. "Jimme ha in nij hûs sjoen. Jimme ha in nije wei sjoen en jimme ha in sterfgefal sjoen. Tink mar us om myn wurden." It is alle trije útkom. Koarte tiid dêrnei kom der op dat plak in nij hûs to stean. En ek al gau dêrnei kom dêr in nije wei lâns, dwars troch heit syn lân hinne. En ús heit kom samar nei twa dagen sykte alhiel ûnforwacht to forstjerren. 't Is alle trije neikom.


Beschrijving

Een stelletje vertelde eens aan de vader van de vrouw dat ze een heel groot licht hadden gezien. De vader zei dat het drie voortekens waren: op die plek zou een nieuw huis komen, een nieuwe weg, en er zou een sterfgeval komen. Het nieuwe huis en de nieuwe weg kwamen er inderdaad. En niet veel later stierf de vader, na een ziekbed van twee dagen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 383, verhaal 3

Commentaar

3 mei 1968

Naam Overig in Tekst

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21