Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038405

Een sage (mondeling), woensdag 08 mei 1968

Hoofdtekst

Op 'e Tike hat ien west, dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der wol us ôf, dan moest er hwat sjen. Dat wienen yn de regel lykstaesjes.
As er jouns mei syn frou to jounpraten gong dan seach er soms ek fan alles. Hy wenne sahwat by de skoalle. Op in joun soed er mei syn wiif to jounpraten. 't Wie yn 'e winter en der lei snie.
Doe krige er har by de earm en treau har oan kant. Hy sei: "Kom hjir even."
"Hwat is der nou wer?" frege se.
"Der komt in slide oan," sei er, "mei in kiste der op." Der roannen twa man achter, dy koed er beide. En sy gongen de kant nei de Leijen út.
Der wie net ien dea, mar in skoftsje letter forstoar der ien. Doe gongen der twa mei in slide oer de Leijen, dy't biferzen wie om in kiste fan Eastemar to heljen.


Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Een man die met de helm geboren was, zag vaak vantevoren lijkstoeten. Op een keer trok hij zijn vrouw aan de kant omdat hij een kist op een slee voortgetrokken zag worden. Zijn vrouw zag niets. Een tijdje later is er iemand gestorven, wiens kist over het ijs werd voortgetrokken.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 384, verhaal 5

Commentaar

8 mei 1968
Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Leijen    Leijen   

Naam Locatie in Tekst

Tike    Tike   

Eastermar    Eastermar   

Oostermeer    Oostermeer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21