Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038506

Een sage (mondeling), zondag 02 juni 1968

Hoofdtekst

Der wie in man, dy hie in apelbeam achter hûs stean. Mar dy apelbeam bleau altyd like sutrich. Hy woe beslist net groeije. De man gong hinne en graefde der omhinne. Doe stjitte hy mei de lodde op hwat. Hy sjen. Doe wie dat in potsje mei in lid der op. Dat potsje siet stiiffol jild. Op it lid stie hwat to lêzen, mar dat koe er net lêze. Dat koe him ek neat skele, it jild wie foar him bilangriker. Op in kear doe lei dat lid by him op'e tafel. Doe kom der in man by him, dy seach dat lid dêr lizzen.
Hy krige it yn 'e hannen en sei: "Hea, hwat is dat in nuver opskrift. Dêr stiet op: 'Under dizze pot is nôch in pot, dy helte groter is dan deze pot.'"
De apelbeam wie nei 't hy der omhinne groeven hie al in bytsje útein set, mar hy tierde noch net. Doe de man wer oan 't graven. En it kom krekt sa út as op it lid ta lêzen stie. Hy foun in pot mei jild noch helte greater as de earste.
Nou wie dy man ryk. Doe 't er dy pot út 'e groun hie, bigoun it beamke to groeijen. Dit wol sefolle sizze as dat jild gjin fleur bringt.

Onderwerp

AT 1645 - The Treasure at Home    AT 1645 - The Treasure at Home   

ATU 1645    ATU 1645   

Beschrijving

Een man heeft een appelboom achter zijn huis staan die maar niet wil groeien. Als hij er omheen graaft, stuit hij met zijn spade op iets hards. Hij vindt een potje met een deksel erop, die vol zit met goud. Op het deksel staat een opschrift dat hij niet kan lezen. Op een keer ligt het deksel op tafel als er iemand langs komt die het deksel in zijn handen pakt en zegt: "Wat een wonderlijk opschrift is dit. Er staat: "Onder deze pot zit nog een pot, die veel groter is dan deze pot." Nu was de appelboom wel een stukje gegroeid sinds de man er omheen had gegraven, maar echt welig groeien doet hij nog niet. Als de man weer graaft, vindt hij inderdaad een grotere pot met geld. Hij is nu rijk. Het boompje begint ook goed te groeien. Dit wil zoveel zeggen als dat geld geen geluk brengt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 385, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 juni 1968
Het eerste deel van verhaaltype AT 1645 ontbreekt in deze versie.
The Treasure at Home

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21