Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038507

Een sprookje (mondeling), zondag 02 juni 1968

Hoofdtekst

Der wie in faem, dy tsjinne by in hear en in frou. Se wienen tige wiis mei har omt it sa'n earlike, trouwe faem wie.
Op in kear sei dy faem: "Ik woe sa graech in eigen keammerke ha, dat ik op slot dwaen kin en dêr 't ik myn eigen spullen yn opbergje kin. Sûnder dat in oar dêr by komme kin."
Dat woarde har tastien. Se krige in eigen keammerke. Op in kear wienen de hear en de frou fuort. De faem bleau allinne thús. Sy moest op 't hûs passe. Doe kom der in bidler by de doar. In âld mantsje. Hy frege oft er ek ûnderdak krije koe foar de nacht.
De faem sei: "Dan mat dat mar wêze. Dan komme jo yn mijn keammerke. Mar ik doch de doar fan it keammerke op slot."
De bidler sei: "Ik bin in âld man. Men wit noait, hwat der ris gebeure kin. As ik der fannacht ris ûnforwacht ôf kom ta reitsjen, dan is de jas, dy 't oer de stoel hinget, foar jo. Jo matte him mar goed neisjen."
De oare deis wie de bidler dea. De faem hie de jas urven. Doe 't se him neiseach, sieten der allegear trijehoekjes op fan stof en ûnder elk tryehoekje siet jild. Yn 'e bûse fan 'e jas siet in brief. Dêr stie yn to lêzen, dat de jas woarde tamakke oan deselde yn hwaens keamer hy de lêste nacht fan syn libben ûnderdak krije soe. Sadwaende wie al it jild foar de faem.

Onderwerp

AT 0842A* - The Beggar Dies in Night Lodgings    AT 0842A* - The Beggar Dies in Night Lodgings   

ATU 0842A*    ATU 0842A*   

Beschrijving

Een meisje dient bij een heer en een vrouw. Zij zijn erg tevreden over haar omdat zij een eerlijk, trouw meisje is. Op een keer vraagt zij of zij een eigen kamertje mag hebben dat zij op slot kan doen en waar zij haar eigen spullen in kan opbergen. Dat wordt haar toegestaan. Als zij op een dag alleen thuis is, komt er een oud mannetje langs dat om onderdak voor de nacht vraagt. Dat mag wel van het meisje, maar hij moet op haar kamertje slapen, zodat ze de deur achter hem op het slot kan doen. De bedelaar zegt dat, mocht hij die nacht komen te overlijden, het meisje zijn jas mag hebben die over de stoel hangt. Die nacht overlijdt de bedelaar inderdaad en het meisje erft de jas. Als ze hem doorzoekt, ziet ze dat er allemaal driehoekjes van stof op zitten. Onder elk driehoekje zit geld. In de jaszak zit een brief waarin staat dat de jas wordt vermaakt aan degene in wiens kamer de man de laatste nacht van zijn leven onderdak zal krijgen. Zodoende is al het geld voor het meisje.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 385, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 juni 1968
The Beggar Dies in Night Lodgings

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21