Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ039316

Een sage (mondeling), dinsdag 19 augustus 1969

Hoofdtekst

Frânse Hinke fan 'e Rottefalle wie duvelbanster en wûnderdokter. Sy wenne de kant út nei de boppeste Rot'falle yn 'e buert fan 't earmhûs, oan 'e lofterhân.
Ik wie sa'n fiif en twintich jier âld. 'k Hie 't al in healjier lang tige slim yn 'e draeibonke (kontbonke). Ik koe sitte noch stean en my net forroere. Ik lei altyd en hie in slimme pine. Se fuorren my as in bern, ik kom net mear fan bêd. Al f84- hienen heit en dy formastere. 't Joech allegear neat.
Doe gong heit nei Frânse Hinke ta. Dy sei, 't stie der slim foar mei my. 't Wie op in snein-to-moarn. Hja joech heit in bierfleske fol drank mei, dêr't trije kopkefollen útgetten wurde koenen.
Nei't ik dêr dy sneins fan ynnom hie, fielde ik my de jouns al hwat better.
De oare moarns gong heit wer nei har ta.
De earste wurden dy't hja sei, wienen: "Wy binne 't hoekje al to boven. Nou sil 'k jo in greate flesse meijaen. Dy kostet fjouwer en twintich stûren."
Der sieten allegearre lytse toarnen yn dy drank.
In wike of trije, fjouwer brûkte ik dy drank, doe fielde ik my al hast wer better.
Op in dei gong ik rinnende nei har ta. Hja wie ± 76 à 77 jier (± 1902) en hie in skieppegrize skelk foar. In fanke fan sahwat sawntsjin, har bernsbern, liet my der yn.
Ik bearde dat ik noch bot krebintich wie. "'k Wyt net," sei 'k, "hoe't ik aenst thúskomme mat."
"Dat falt wol hwat mei", sei se, en wylst aeide se mei de hân oer de skieppegrize skelk.
"Earst mar us in kopke thé, soe 'k sizze."
Doe fortelde se my, dat ik myn krupsje in healjier hawn hie. Ik hie 't skipe op 'e klaei, dêr't ik ûngetide. De jouns nei it meanen hie 'k my bûtendoar biklûmje litten, wylst ik harmoanika spile foar it folk.
Hja sei: "Ik sil dy noch ien drank meijaen, dan hoechstû gjin wer."
It rinnen nei hûs ta foel my krekt sa maklik as 't mar koe. Ik wie alhiel wer better.


Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Een jongeman kon alleen nog maar in bed liggen doordat hij zo'n last had van zijn ruggenwervel. Na een half jaar was er nog geen verbetering. Toen ging zijn vader eens naar Frânse Hinke, de duivelbanner. Zij gaf een goedje mee, waarvan de jongeman al snel opknapte.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 393, verhaal 16

Commentaar

19 augustus 1969
Volksgeneeskunde

Naam Overig in Tekst

Frânse Hinke    Frânse Hinke   

Naam Locatie in Tekst

Rottefalle    Rottefalle   

Rottevalle    Rottevalle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21