Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ039406

Een sage (mondeling), zaterdag 04 mei 1968

Hoofdtekst

Der wie in feint, dy wie tige dryst. Hy joech nergens om. Hy hâldde in weddenskip mei guon, dat hy doarst wol by 't tsjuster nei 't tsjerkhôf ta en helje dêr in deabonke wei.
Deselden dy't mei him wedden, tochten: "Nou sille wy him dochs us bang meitsje." Foardat hy der wie, wienen der trije fan har nei 't tsjerkhôf ta gien. Sy hienen elk in wyt lekken om har hinne en stienen sa boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan, tichte by 't plak, dêr't de deadsbonken leinen.
Dêr kom de feint oan. Hy pakte in bonke.
De boppeste yn 't lekken sei mei in raer lûd: "Mijn been niet!"
De feint sei: "Nou, dan pak ik in oaren."
Doe rôp de twadde: "En mijn been ook niet!"
De feint smiet de twadde bonke ek wer fuort en nom in trêdden.
Doe sei de trêdde: "En mijn been ook niet!"
Mar de feint krige syn nocht en sei: "Ik haw him en ik hâld him as is 't de duvel sinen ek."
Hy hie de weddenskip woan.
Mar doe't er thúskom hie hy der freeslik útsjoen.
Syn mem sei: "Jonge, dû koest it wol mei de boaze oan 'e stok hawn ha." Hwant hy wie blau om 'e holle. Mar hy woe neat sizze.
Op 't lêst kom er hwat by. En doe sei er: "Ik sil 't mem moarn allegear wol útlizze."
Doe't se de oare moarns de tadracht heard hie, sei se: "Ik ha dy sa faek warskôge foar flokken en spotten en jim heit ek. God lit net mei him spotte."
Hy hie plakken oan him, dy koed er letter net wer kwyt wurde. It spotten hat er foargoed ôfleard.


Onderwerp

VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."    VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."   

ATU 1676D    ATU 1676D   

sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.    sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.   

Beschrijving

Een overmoedige spotter sloot eens een weddenschap met zijn vrienden dat hij een knekel van het kerkhof zou halen. Drie vrienden verkleden zich met een wit laken, en wachtten hem op bij het kerkhof. Toen de knecht een been pakte, zei een van de vrienden: "Mijn been niet!" De knecht pakte een ander been, maar hij hoorde opnieuw: "En mijn been ook niet!" Toen het bij het derde been weer zo ging zei hij dat het hem niet meer uitmaakte, al was het het been van de duivel. Helemaal bont en blauw kwam hij toen thuis. Het spotten had hij voorgoed afgeleerd.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 394, verhaal 6

Commentaar

4 mei 1968
Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21