Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ039702

Een sage (mondeling), zaterdag 11 mei 1968

Hoofdtekst

Der wie is in man, dy hie de pik yn op 'e doomny, omt dy it evangeelje forkundige. Hy moest dêr neat fan ha en hy nom it bislút, hy soe de doomny deameitsje. Doe liet er in boadskip yn 'e nacht nei doomny bringe dat dêr en dêr, ergens op in iensum sté, dêr lei ien op stjerren en dy hie bigeard mei doomny to praten.
Doomny lei al op bêd, mar hy kom der gau út. Hy sei tsjin syn frou: "'k Mat even nei in siken ta."
Hy makket him klear en bidt noch dat er dêr ta segen wêze mei en dat er net to let komme mei.
As hy op it plak oankomt, dat se neamd ha, is alles dêr tsjuster. Doomny kloppet op 'e doar en sy roppe: "Hwa is dêr?"
"Ik bin it, "seit er, "doomny."
"Dan sil 'k der ôf komme", seit de oare.
"Is alles goed?" freget doomny.
"Ja, bêst. Wy komme der oan."
"Blijf maar rustig liggen," seit doomny dan, "dan ga ik weer weg."
Hy hat yn 'e gaten, dat er foar 't soaltsje hâlden is. Hy giet wer fuort.
Deselde dy't him formoardzje wol sit him ûnder 'e brêge op to wachtsjen.
Mar doe't doomny oan him ta wie, roan er tusken twa oaren yn. Hy tocht: "Nou kin 'k neat bigjinne." En hy liet doonmy rinne.
Letter kom dyselde ta ynsjoch. Doe praette hy oer dat gefal mei doomny. Hy fortelde him, hy hie doomny al us fan kant meitsje sild. Mar ta syn skrik hied er sjoen dat doomny hie oan elke kant ien neist him hawn. Doomny sei: "Dat is vreemd. Want ik verzeker je, dat ik helemaal alleen was."
Dat hie dus in bistjûring Gods west.


Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Een man wilde eens een dominee van kant maken omdat hij het evangelie verkondigde. Op een nacht liet hij bij de dominee een boodschap brengen dat er iemand op sterven lag. De dominee ging er onmiddelijk heen, maar trof geen zieke aan. De kwade man lag de dominee onder een brug op te wachten, maar toen de dominee aankwam, zag de man dat er twee anderen naast hem liepen. Toen kon hij niks doen. Later is de man bekeerd en wilde hij eens over het voorval met de dominee praten. De dominee verzekerde hem toen dat hij op het moment bij de brug helemaal alleen was. Het moet God geweest zijn die hem beschermde.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 397, verhaal 2

Commentaar

11 mei 1968
De engelenwacht

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21