Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ039817

Een sage (mondeling), woensdag 05 juni 1968

Hoofdtekst

Der wienen in feint en in faem, dy wienen togearre út to riden.
Underweis lei de feint de swipe del en hy liet it hynder stilstean.
De faem sei tsjin 'e feint: "Hwat silstû?"
"Jow my de bûsdoek", sei er. Doe joech se him in reade bûsdoek. Dêr gong er mei fuort.
Doe't er in skoftsje fuort west hie, kom er werom. Doe hied er de reade triedden fan 'e bûsdoek tusken de tosken hingjen.
"Hwat hastû dien?" sei se.
Doe hied er bikend dat er in wjerwolf wie. Hy moest nou en dan hwat forskuorre. Dêrom hied er om 'e bûsdoek frege, oars hied er har forskuorre matten.
Doe hat dy faem de forkearing gau út makke.


Onderwerp

SINSAG 0823 - Das zerbissene Tuch.    SINSAG 0823 - Das zerbissene Tuch.   

Beschrijving

Man vraagt aan zijn verkering om een zakdoek, en verdwijnt daarmee. Bij terugkomst hangen rode draden van de zakdoek tussen zijn tanden. Hij bekent een weerwolf te zijn die af en toe iets moet verscheuren, en had om een zakdoek gevraagd om haar niet te verscheuren.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 398, verhaal 17 (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21