Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040107

Een mop (mondeling), vrijdag 09 februari 1968

Hoofdtekst

Pake fortelde ek:
Fileman, dy koe fan alles. Hy wie fan alle merken thús.
Hy hie twa kammeraten, dy spilen ek net swak by, mar Fileman spande de kroan.
It gebeurde us op in kear, doe leinen se alle trije langút yn 'e berm oan 'e kant fan 'e wei.
Doe makke de koaning krekt bikend, dat, dy't it luiste wie op 'e wrâld, dy koe mei de koaning syn dochter trouwe.
Dêr kom de koaning al lâns op it hynder.
De trije maten woenen elk de dochter graech ha.
Sy hâldden de koaning oan. De koaning sei, dy it luiste wie, soe net allinne mei syn dochter trouwe, mar dy soe syn gouden horloazje ek ha.
De koaning sei: "Zeg mij eens hoe laat het is."
De earste fan 'e mannen draeide him om en sei: Zo laat is 't.
De twadde riisde oerein en seach op de koaning syn horloazje en sei: Zo laat is 't.
Mar Fileman bleau ûnbiweechlik lizzen, doe't de koaning him frege hoe let it wie. Hy forroerde gjin fin.
De koaning sei, hy moest oereinkomme, hwant dan krige er 't horloazje.
Mar Fileman kom net oerein, hy bleau stom lizzen.
Doe sei er tsjin 'e koaning: "Steek het mij maar in de zak."
Dat die de koaning.
Doe makke de koaning fuort bikend, Fileman soe trouwe mei syn jongste dochter, hwant dat wie de luiste út it lân. Dat is ek gebeurd.
Sy kommen to wenjen yn 't paleis by de koaning.


Onderwerp

AT 1950 - The Three Lazy Ones    AT 1950 - The Three Lazy Ones   

ATU 1950    ATU 1950   

Beschrijving

Fileman lag met twee maten in het gras te luieren, toen de koning langskwam. Deze had net bekend laten maken, dat de meest luie man van de wereld met zijn dochter mocht trouwen. De drie vrienden wilden dat wel en ze hielden de koning aan. Hij beloofde dat degene die zijn dochter kreeg, ook zijn gouden horloge zou krijgen. Vervolgens vroeg de koning hoe laat het was. De twee deden hun best dat de koning zo snel mogelijk te helpen. Maar Fileman bleef onbeweeglijk liggen. De koning wilde hem het horloge geven, en Fileman zei dat hij het maar in zijn zak moest doen. Meteen hierop maakte de koning bekend dat Fileman met zijn dochter zou trouwen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 401, verhaal 7

Commentaar

9 februari 1968
The Three Lazy Ones

Naam Overig in Tekst

Fileman    Fileman   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21