Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040205

Een sage (mondeling), zondag 05 mei 1968

Hoofdtekst

Grouwe katten binne tsjoensters.
Dikke Harm hie in jonkje. Dat jonkje rekke siik en bigong to sukkeljen. It woe net bikomme.
Doe moest Harm nei Kûkherne ta. Harm woe net, mar 't wiif die gjin lichten. Dat op 't lêst liet Harm him biprate. Doe't er in eintsje op stap wie, kom 't wiif him achternei rinnen mei 't mûtske fan 't bern. Dat hie Harm noch forgetten. Harm die 't mûtske op 'e kont yn 'e bûse.
Hy kom by greate Wopke. Wopke praette altyd sa'n bytsje trilderich.
Hy sei tsjin Harm: "Woest hjir net nei my ta, hè?"
"Né", sei Harm.
"Moesten se dy 't mûtske noch achterneibringe?" frege Wopke.
"Ja" sei Harm. Hy hearde al hwat fremd op dat dy keardel dat allegear wist.
Wopke sei: "Jimme matte it kessen iepentoarne, dêr't it bern op leit. Dêr sitte trije krânsen yn. Twa krânsen binne klear, de trêdde binne se mei oan 'e gong. As dy klear is, is 't bern dea. Komt der ek in âld-wiif by jimme dy't dat dwaen kin?"
"'k Wyt net", sei dikke Harm.
Doe't er thús kom, woarde fuort it kessen iepentoarnd. Der sieten twa folle krânsen yn, de trêdde wie al gâns in bigjin fan. Wopke hie sein, sy moesten dy krânsen opbrânne en dat hienen se dien.
't Jonkje krige in nij kessen mei nije fear.
Alde Feik, in turfdroeger út 'e Mieden, dy hie 't flikt.


Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

De vader van een betoverd kind ging naar Wopke, de duivelbanner. Deze zei hem dat hij het kussen van zijn kind moest open tarnen. Er zouden drie kransen in zitten, waarvan er eentje nog niet helemaal klaar is. Deze kransen moesten ze verbranden. Zo werd gedaan, en het kind werd weer beter.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 402, verhaal 5

Commentaar

5 mei 1968
Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Dikke Harm    Dikke Harm   

Wopke    Wopke   

Feik    Feik   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Mieden    Mieden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21