Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040211

Een sage (mondeling), zondag 05 mei 1968

Hoofdtekst

Jan Hepkes fan Surhústerfean koe lige as in wachter. Hy kom hjir us, doe fortelde er, hy hie to Ljouwert west. Dêr kom ek altyd in âld fellekoopman fan Harns. Mar dy hie in kear of hwat net op 'e merk west. Doe wie hy der us in kear wer west. Hy seach der út as in geest.
Jan Hepkes sei tsjin him: "Binne jo dêr ek wer?"
"Ja," sei er, "mar it is foar de lêste kear. Ik bin oan 't sukkeljen en ik tar stadich wei. Ik bin hjir hjoed om de boel lyk to meitsjen. Ik ha hjir en dêr noch hwat skuld sitten, dat bitelje 'k hjoed en dan kom ik hjir net wer. Dan sil 't wol gau mei my dien wêze."
Ik sei tsjin him (sei Jan): "Nou man, as jo better wurde wolle, ìk ha de pillen. Dy komme út Washington, Noard-Amerika. As jo dy brûke, binne jo samar wer klear." Hwant Jan Hepkes dy koe op syn menier de minsken geneze.
"Och heden Jan," sei er, "ik tink mear oan myn grêf as oan betterskip."
Jan sei: "Hoe âld is jou wiif?"
"Dy is in hiel stik jonger as ik", sei er.
"Hwa giet jouns earst op bêd? As jo nou dy pillen brûke, dy bringe jo op in leeftyd fan sa'n tritich à fjirtich jier torêch."
"Och heden Jan," sei er, "ik bin by alle dokters west. Net ien koe my helpe. Soestû my helpe kinne mei dy pillen?"
"Grif," sei Jan, "en hjir binne se."
De Harnzer koopman hat se brûkt.
Fjirtsjin dagen letter wied er wer yn Ljouwert.
In jongkeardel.
Ik sei: "Hat it holpen?"
Dy keardel hat noch jierren libbe. Hy kom alle freden wer op 'e merk.


Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Een marktkoopman was ernstig ziek en kwam voor de laatste keer op de markt om nog wat schulden af te betalen. Jan Hepkes zei dat hij pillen had uit Amerika, waarvan hij zich weer jaren jonger zou voelen. De man wilde er eerst niet aan, maar Jan wist hem te overtuigen. Veertien dagen later was de koopman weer op de markt. Hij zag er uit als een jonge gezonde vent en leefde nog vele jaren.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 402, verhaal 11

Commentaar

5 mei 1968
Volksgeneeskunde

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Naam Locatie in Tekst

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Harns    Harns   

Washington    Washington   

Amerika    Amerika   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21