Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ041201

Een sage (mondeling), donderdag 16 mei 1968

Hoofdtekst

Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom se midden yn 'e nacht wer thús. En doe rôp se foar 't glês:
"Waar is mijn gouden been?"
De man woarde deabinaud, doe't er dat hearde, mar hy sei neat werom.
De twadde nachts kom se wèr. En doe rôp se wèr foar 't glês:
"Waar is mijn gouden been?"
Wèr sei de man neat.
De trêdde nacht kom se wèr. Doe sei se: "Mijn been is hier en dat moet er ogenblikkelijk verschijnen, en anders zal ik het anders bezoeken."
Doe raesde de man fan kleare binaudens: "Ja, jo sille 'm ha, jo sille 'm ha! Ik sil him helje!"
Doe hat er de gouden skonk bûtendoar set. De doar woarde fêst dien. Mar de frou wie der net.
Doe is hy der midden yn 'e nacht wer ôf gien om to sjen of de gouden skonk der noch stie.
Doe wied er fuort. Hja hat him meinom en hja hat har letter noait wer fortoand.


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een vrouw liet beloven dat als ze dood zou gaan, haar gouden been mee begraven zou worden. Maar haar man hield zich niet aan zijn woord. De eerste nachten na de begrafenis werd de man wakker omdat er op de ruiten getikt werd. Hij hoorde dan zijn dode vrouw vragen om haar gouden been. De derde nacht heeft hij het been buiten voor de deur gezet. De volgende ochtend was het verdwenen, en zijn vrouw is nooit meer bij hem komen spoken.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 412, verhaal 1

Commentaar

16 mei 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21