Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042221

Een sage (mondeling), vrijdag 14 juni 1968

Hoofdtekst

In âld man fortelde my, der wie in minske stoarn út in húshâlding wei. Hja wie de mem fan trije bern.
Doe't dat minske al in skoftsje dea west hie, seinen de bern: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west."
"Dat kin net", sei de man. Hy wie oerdeis oan 't wurk. Mar it gebeurde al us wer en al us wer dat de bern seinen: "Mem hat der west. Hja hat by de tafel sitten", seinen se. Doe moest er 't hast wol leauwe.
Op in kear sei er: "Ik bliuw moarn thús en wy helje doomny hjirhinne. As hja dan wer komt, sille wy freegje hwat se wol."
Doe't de doomny de oare deis kom wie, duorre 't net mâlle lang of it minske kom ek.
Doomny frege har hwat se bigearde. Doe sei se, der lei in tipmûtse mei sinten yn 't kammenet. Dêr moesten de bern elk in nij pakje klean foar ha.
Dat ha se dien en doe is it minske noait werom kom.


Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

De drie kinderen van een overleden vrouw beweerden af en toe dat hun moeder bij hun was geweest. De vader wilde het niet geloven, maar haalde er toch maar de dominee bij. Hij vroeg de vrouw wat haar verlangen was. Ze vertelde toen dat ze op een bepaalde plek wat geld had verstopt. Daar moesten nieuwe kleren van gekocht worden voor de kinderen. Dat is gebeurd, en de vrouw is niet meer teruggekomen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 422, verhaal 21

Commentaar

14 juni 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21