Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042409

Een sage (mondeling), maandag 17 juni 1968

Hoofdtekst

Yn 'e Harkema of yn dy buert wennen in pear âlde minsken. Dy hienen it tige krap. Sy wennen yn in âld keet. Sy gongen noait ergens hinne.
Doe klommen der al us guon boven op it tek. Dy rôpen troch de skoarstien hinne: "Zijt gij daar?"
De minsken dy't ienfâldich wienen, tochten: Dat is ús leaven Hear. Sy seinen: "Ja Heare."
Doe liet it jongfolk in heal brea troch de skoarstien sakje en seinen: "Hier is brood."
't Kom boven de kachel del.
"Danke Here", seinen de âlde minsken.
Sy nommen it brea der ôf. Sy doarsten der earst net fan to iten. Op 't lêst ieten se der fan en sy woaerden sêd.
De oare deis wie 't saterdei. De âlde minsken hienen oars neat yn 'e panne as droege ierpels.
Deselden klommen wer op it dak en rôpen troch de skoarstien: "Zijt gij daar?"
"Ja Here", rôpen de âlde minsken.
Doe lieten se in stik fan in heal baerch nei ûnderen sakje op 'e selde wize en seinen: "Hier is spek."
"Danke Here", seinen de âlde minsken.
"Nu morgen naar de kerk te Garijp", sei it jongfolk.
"Ja, Here", seinen de beide minsken. En de oare deis, doe't it snein wie binne se twaresom nei Garyp ta roan.


Onderwerp

SINAT 1575 - Der Faulenzer genesen    SINAT 1575 - Der Faulenzer genesen   

Beschrijving

Er was eens een arm echtpaar. Op een keer riepen een paar jongelui door de schoorsteen: "Zijt gij daar?" "Ja, Heer," riepen de oudjes. "Hier is brood," hoorden ze, en er kwam een brood door de schoorsteen naar beneden. De volgende dag ging het weer precies zo, maar nu kwam er een stuk varken naar beneden. En de stem zei: "Nu morgen naar de kerk te Garijp." En de volgende dag, een zondag, zaten ze in de kerk.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 424, verhaal 9

Commentaar

17 juni 1968
Der Faulenzer genesen

Naam Locatie in Tekst

Garyp    Garyp   

Garijp    Garijp   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21