Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042702

Een sage (mondeling), woensdag 19 juni 1968

Hoofdtekst

Doomny de Kok fan Ulrum, de man fan 'e ôfskieding, hie earst in protte fijannen.
Op in joun woarde er roppen by in siken. Hy gong fuort op stap. Hy moest oer in planke.
Under dy planke leinen twa jongfeinten. As hy op 'e planke stapte, soenen hja de planke omwippe en dan soe er yn 'e feart tolânne komme en fordrinke. Sy wienen ek deselden dy 't biricht dien hienen fan de sike. Der wìe alhiel net in siken-ien.
Doe't er omtrint oan 'e planke ta wie, wie doomny de Kok net allinne. Hy hie oan wjerskanten fan him in persoan. Der wienen trije.
Doe tochten de jonge bazen: Dat hat hy der om dien. Hy hat der weet fan krige dat wy him dy poets bakke soenen. Letter hienen se 't him forteld.
Doe sei ds. de Kok, hy wie dêr allinne hinne gong en hy wie ek wer allinne thús kom. Der hienen noait twa oan wjerskanten fan him west.
It wie God, dy't him foar gefaren biwarre hie.


Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Twee mannen wilden eens een dominee ombrengen. Ze lieten hem bij een zieke roepen, en wachtten hem op onder een bruggetje. Maar toen de dominee aan kwam, was hij niet alleen, aan weerskanten van hem liepen nog twee personen. Toen durfden de mannen niets te doen. Later vertelden ze hun plan aan de dominee. Hij zei dat hij helemaal niet in gezelschap was van anderen, maar alleen liep. Het was god geweest, die hem beschermd had.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 427, verhaal 2

Commentaar

19 juni 1968
De engelenwacht

Naam Overig in Tekst

de Kok    de Kok   

Naam Locatie in Tekst

Ulrum    Ulrum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21