Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ042807

Een sage (mondeling), woensdag 19 juni 1968

Hoofdtekst

Hjir njonken ha lju wenne, dy hienen in famke, dat wie siik. Achter har wenne in âld minske, dat wie in tsjoenster. Doe hat ús heit foar dy lju nei Kûkherne ta west. Wopke sei: "Ast nou aenst in ein fuort biste, en de drank barst yn 'e bûse, dan is it bern bitsjoend." Heit hie al in ein ûnderweis west, doe woarde him de bûse wiet. Hy taestte, it fleske wie yn twa stikken. Doe wie 't dus biwezen dat it famke bitsjoend wie. Wopke hie noch tsjin heit sein: "Nou komt der joun in wiif, dy bringt har altyd iten en sa, mar dat mei 't bern net opite. Jimme meije 't minske ek neat dwaen, mar jimme matte har út 'e hûs weijeije."
Der wienen greate jonges by dy lju yn 'e hûs. Dy wienen thús, doe't heit werom kom en syn boadskip sei.
't Ald-wiif kom al gau mei iten. De jonges hienen har al gau sa'n bytsje ta de doar úttreaun.
In skoftsje letter wienen 't allegear katten om 'e doar.
Doe gong ien fan 'e jonges der út en dy hat ien fan dy katten mei in stien rekke. Dy kat naeide út. 't Wie in swarte kat.
De oare deis lei 't âld wiif mei in stikkene poat op bêd.


Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een buurman van een ziek meisje ging eens naar Wopke, de duivelbanner. Deze gaf hem een drankje mee en zei dat als het flesje onderweg zou breken, het kind betoverd was. En inderdaad brak het flesje. Ook had Wopke gezegd dat er een vrouw zou komen die het kind eten wilde geven, maar dat moesten ze niet laten gebeuren. Ze stuurden die avond de vrouw die wilde komen eten het huis uit. Niet veel later zaten er allemaal katten bij de deur. Een van hun gooide met een steen naar een zwarte kat. De volgende dag lag het vrouwtje met een kapot been op bed.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 428, verhaal 7

Commentaar

19 juni 1968
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21