Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043401

Een mop (mondeling), zondag 30 juni 1968

Hoofdtekst

Der wienen in Kristenboer en in joad.
De joad forkocht in hynder oan 'e boer. Doe't de boer it hynder helje soe, woe de joad it hynder net misse. Doe joech de boer it oan by de rjochter. It woarde in pleitsaek.
Doe't de joad foarkom, died er krekt as wied er ûnnoazel. Hy sei tsjin 'e rjochter: "Hwat bin 't hjir allegear greate gebouwen. Hat mynhear dat sels bitelle?"
Doe sei de rjochter tsjin 'e boer: "Hoe kinne jo fan sà'n man in hynder keapje? Dy hat ommers lang syn forstân net."
Doe rekke de joad frij.
In jier letter kocht de boer in koe fan 'e joad. Doe't de boer de koe helje soe, woe de joad him wer net ôfstean. En dat woarde wèr in pleitsaek.
De deis tofoaren sei de joad tsjin 'e boer: "Hast ek even in jas foar my oan, as wy moarn foar de rjochter komme matte? Ik ha sels net ien."
De boer joech him in jas en de oare deis stienen se wer op it matsje.
De boer sei: "Dy man hat my in koe forkocht."
Doe sei de joad tsjin 'e rjochter: "Dat liicht dy boer allegear, dat ik in koe oan him forkocht ha. Hy kin ek wol sizze dat ik syn jas oan ha."
Doe sei de boer: "Dat ìs ek sa, dat ìs myn jas!"
Doe sei de joad: "Nou kin mynhear wol hearre, dat dy boer syn forstân net hat."


Onderwerp

AT 1642A - The Borrowed Coat    AT 1642A - The Borrowed Coat   

ATU 1641A    ATU 1641A   

Beschrijving

Een christenboer kocht eens een paard van een jood. Maar toen hij het dier op ging halen, wilde de jood hem niet meegeven. Het werd een rechtzaak. De jood deed zich achterlijk voor. De rechter vond het de eigen schuld van de boer, dat hij een paard had gekocht van zo'n dom iemand. Een paar jaar later kocht de boer een koe van de jood. Ook deze wilde hij later weer niet afstaan, en opnieuw kwam er een rechtzaak. De dag voor de zaak, vroeg de jood aan de boer om hem een jas te lenen. Deze deed hij aan bij de rechter. Toen de boer tegen de rechter zei dat hij een koe had gekocht van de jood, ontkende de jood dit. Hij zei dat de boer loog, en dat hij dadelijk ook nog wel zou gaan zeggen dat de jood zijn jas aan had. Toen zei de boer dat hij echt zijn jas aan had, en zo toonde de jood de domheid van de boer.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 434, verhaal 1

Commentaar

30 juni 1968
The Borrowed Coat

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21