Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043715

Een sage (mondeling), donderdag 18 juli 1968

Hoofdtekst

Yn 'e tiid dat der ympost bitelle wurde moest op it slachtsjen woarde der wol gauris slûke.
Der wennen yn in doarp twa man, dy slachten wolris in skiep op it tsjerkhôf. 't Wie altyd yn in donkere nacht as se dat dienen.
Guon hearden wolris hwat op it tsjerkhôf, mar sy wisten net hwat it wie en net ien dy't it doarst to ûndersykjen.
Sadwaende koenen dy mannen mar stil har gong gean.
Mar doe gongen der ris guon nei doomny ta. Of dy der ek hinne doarst.
Doomny sei: "Hwerom net?"
Mar omt er net bêst rinne koe, soe in oar him drage. Dyselde droech him op in donkere nacht nei 't tsjerkhôf ta. Doe stie dêr krekt ien, dy wachte op syn maet, dy't mei 't skiep komme soe. Dat soenen se dêr op 't tsjerkhôf slachtsje. Doe't er ien oankommen seach mei hwat op 'e rêch, tocht er: "Dat is myn maet" en hy sei: "Is er fet? Is er aerdich fet?"
Deselde dy't de doomny droech, woarde sa binaud, dat hy smiet doomny del en sei: "Fet of net, mar dêr leiste." En hy naeide hurd út. Mar doomny die itselde. En dy koe krektlike hurd rinne as dy oare.


Onderwerp

AT 1791 - The Sexton Carries the Parson    AT 1791 - The Sexton Carries the Parson   

ATU 1791    ATU 1791   

Beschrijving

Omdat men niet zomaar een dier mocht slachten, deden twee mannen dat wel eens 's nachts op het kerkhof. De mensen hoorden dan wel dat er iets gebeurde op het kerkhof, maar niemand durfde te gaan kijken. De dominee wilde het geval wel eens onderzoeken. Maar hij kon niet goed lopen, en hij werd daarom door iemand het kerkhof opgedragen. Een van de slachters stond juist te wachten op zijn maat die met het schaap zou komen. Hij dacht dat die nu aankwam, en hij vroeg de man die de dominee droeg of hij een vet dier had. De man was doodsbang. Hij gooide de dominee op de grond en zei: "Vet of niet, daar ligt hij." En hij rende hard weg. De dominee deed hetzelfde; die kon alleen niet zo hard rennen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 437, verhaal 15

Commentaar

18 juli 1968
The Sexton Carries the Parson

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21