Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ043803

Een sage (mondeling), zondag 14 juli 1968

Hoofdtekst

Jan hiet de man.
Der wie in dochter yn 'e hûs, dy hie forkearing. Har feint hiet ek Jan.
Jan kom us ûnforwacht, doe soenen se krekt ite.
It minske hie op trije man rekkene en sei tsjin har man: "Nou Jan, skik oan."
Jan, de feint, sei: "'k Lit my net noegje", en hy skikte oan.
Doe rekke de man sûnder iten.
Letter kom Durk Heide by dyselde minsken. Dy soe ek nei de dochter. De forkearing mei Jan wie al lang út.
Durk kom èk krekt foar iten. Hy tocht: "Ik sil my goed fatsoenlik hâlde. Ik sil oars as Jan."
Doe't er 't iten seach roan him it wetter om 'e tosken. Hy hie honger en tocht op it stuit mear oan 't iten as oan 'e dochter en sei, sûnder erch:
"Goeije navend, bêste ierpels!"


Beschrijving

De vrijer van een meisje kwam eens onverwachts langs, vlak voor het eten. De moeder nodigde hem uit mee te eten, maar had eigenlijk niet genoeg. Zo had de vader geen eten. Later had het meisje een andere vrijer, en ook deze kwam eens vlak voor het eten aanwaaien. Hij wilde niet zo onfatsoenlijk als de vorige vrijer zijn, maar toen hij het eten zag, kwam hem het water in de mond. Hij had honger, en dacht op dat moment meer aan het eten dan aan zijn meisje en hij zei: "Goeie avond, beste aardappels!"



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 438, verhaal 3

Commentaar

14 juli 1968

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Durk Heide    Durk Heide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21