Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ044216

Een sage (mondeling), dinsdag 23 juli 1968

Hoofdtekst

Op 'e Leijenskant woarde âlde Hindrik Heddema bitsjoend. Ien fan 'e famyljeleden gong nei Kûkherne ta om Wopke op to heljen. Wopke biloofde dat er komme soe.
Hja hienen by Hindrik Heddema in hage foar de glêzen lâns en dêr stie in hekje yn. Oan 'e westkant wie ek in hage. Achter hûs wie ek in hekke.
Wopke sei: "Jimme matte in groppe grave, fóár 't hek en 't hekje." Doe't se dat dien hienen, struide hy dêr guod út in pûde wei yn. It hekje en 't hek moesten se dy jouns beide tichtspikerje, foardat de nacht kom.
Doe hat Wopke dy nachts by de âld man slept.
De âld man sei letter: "Ik ha dy nachts net in wink yn 'e egen hawn, sa gong 't der by ús oan wei op 'e souder. Mar Wopke slepte mar troch."
Mar de oare moarns moesten de kessens neisjoen wurde. Der sieten trije hiele krânsen yn en ien heale krâns. Dêr sieten alle soarten jern yn. Dy krânsen moesten opbrând wurde. Alde Hindrik hat gjin lêst wer hawn. Piters Hindrikje krige de skuld derfan, dat hja de tsjoenster wie.


Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

Een familielid van een zieke man haalde eens Wopke, de duivelbanner, erbij. Deze gaf opdracht een greppel om het huis te graven. Daarin gooide hij een goedje uit. 's Nachts bleef hij bij de man slapen. De zieke man deed zelf geen oog dicht, vanwege de herrie op zolder. De volgende dag vonden ze drie hele kransen en een halve krans in het kussen van de man. Deze verbrandden ze. De man is weer beter geworden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 442, verhaal 16

Commentaar

23 juli 1968
Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Hindrik Heddema    Hindrik Heddema   

Piters Hindrikje    Piters Hindrikje   

Leijenskant    Leijenskant   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21