Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ045010

Een sage (mondeling), zaterdag 10 augustus 1968

Hoofdtekst

Froeger hienen se oeral âlde bolkoerrinsters en dy krigen dan rounom kofje en dan kommen se ek wolris by jonge minsken.
Dan rekke der gauris in berntsje siik. Sa wie 't ek in kear yn Feanwâlden. De heit gong mei 't mûtske fan 't bern nei Wopke ta.
"Ja," sei Wopke, "sjoch, dêr komt in forkeard frommes by jimme en dy matte jim fuortstjûre. 't Hie mar even mear oanhâlden, dan hie dat berntsje fan jimme dea west. Jimme matte 't kessentsje fan 't berntsje iepenmeitsje. Dêr sit in krânske yn, dat noch net earlik klear is. As dat klear is, is 't berntsje dea. Dy fremde frou matte jim net wer binnen litte."
Sy ha 't kessentsje iepensnien en 't kaem al sa út. It krânske wie binei klear.
De bolkoerrinster mocht net wer komme. Dat wie de tsjoenster.


Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

De vader van een ziek kind ging eens met een mutsje van het kind naar Wopke, de duivelbanner. Wopke zei dat ze in het kussen van het kind een krans zouden vinden. En ze moesten een vreemde vrouw aan de deur niet meer binnenlaten. Vanaf dat moment lieten ze de broodverkoopster niet meer binnen. Ze vonden een krans die bijna klaar was.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 450, verhaal 10

Commentaar

10 augustus 1968
Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Feanwâlden    Feanwâlden   

Veenwouden    Veenwouden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21