Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ045202

Een sage (mondeling), donderdag 05 september 1968

Hoofdtekst

Myn buorman wie Piter de Graaf. Dy leeft noch. Hy wennet nou yn it wurkhûs yn Grinzer Pein. Hy wie mei de helm geboaren. Hwat dy ús allegear wol net forteld hat! Hy seach alles fan tofoaren.
Op in moarn kom ik by harren. "Hoe is 't mei 't famke?" frege syn frou. Wy hienen in famke, dat sukkele. 't Bern wie geestlik ek net hielendal goed.
Ik sei: "Och, wol goed." It bern tsjirme, mar dêr wie 'k al sa oan wend, dat dan sei 'k mar "wol goed".
Doe't ik fuort wie, hied er tsjin syn frou sein: "Sy seit: - Wol goed - Hja moest ris wite, dat it der moarn al net mear is." Hy hie alles fan tofoaren sjoen: hwannear't se stoar, hwer't it bern hinne gong en hwa't der fóárgong en alle minsken dy't op 'e begraffenis kommen.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Een helmdrager heeft vaak voorgezichten. Zo voorziet hij precies wanneer het zieke kind van zijn buurvrouw komt te overlijden en hoe de begrafenis zal zijn.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 452, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

5 september 1968
Das zweite Gesicht & TM 2901: Helmdragers

Naam Overig in Tekst

Piter de Graaf    Piter de Graaf   

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21