Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ045710

Een sage (mondeling), zondag 18 augustus 1968

Hoofdtekst

Doe't wy in skoftsje troud west hienen, krigen wy in famke. Dat bern tsjirme fan bigjin ôf oan. Dokter kom geregeld, mar hy wist der neat op. 't Bern tsjirme mar troch.
Us buorwyfke kom faek by ús, dy sei, 'k moest mei 't bern nei Oentsjerk ta, nei de duvelbander. Dat wie in boer.
Mar dêr hie ik net folle mei op, dat wimpele ik altyd ôf. Mar op 't lêst soe it dan dochs mar wêze, mar doe wie 't to let. Doe wie 't bern dea.
De twadde dy't wy krigen, dat wie èk in famke, en dat gong krekt deselde wei. Dy tsjirme ek altyd.
"Dû màst nei Oentsjerk ta", sei ús buorfrou. (Monsma)
'k Woe net, mar myn broer sei: "Ik gean mei." Dat doe wy dêr togearre op in joun op 'e fyts hinne.
De minsken leinen dêr al op bêd. Ik kloppe op 't finster. De boer kom der ôf. Hy gong nei de doar en sei: "Hwa is hjir?"
"Goed folk", sei 'k.
"Kom der mar yn", sei er. (Dat wie Monsma)
Doe't ik alles forteld hie, sei er: "Nou wyt ik genôch. Hjir is hwat guod."
Doe joech er my in lyts fleske mei guod, dat wie in fingerbreed blau en in fingerbreed giel dêr boppe op. Dat skodde er troch elkoar, doe krige it in oare kleur.
Hy sei: "Hja tsjirmet altyd troch?"
"Ja", sei 'k.
"It bern is nou stil", sei er.
Ik tocht: dan wyt ik it oare wol, dan is se dea.
"Ha jim dokter?" frege er.
"Ja", sei 'k.
"Dokter stil troch komme litte. Mar jow 't bern gjin guod fan dokter. As se tsjirmet, jow se dan trije drippen út dit fleske. Doch it fleske goed achter slot. 't Mei net troch oaren sjoen wurde. As jimme thús binne, sliept it bern. It sliept nóu al." ("Ja," tocht ik, "om noait wer wekker to wurden." Ik hie der in swiere mûtse oer op. Ik leaude him net.)
"As jim aenst thús binne," sei er, "sille jim wol méár hearre. Der sit in buorfrou by jimmes yn 'e hûs. Dy komt net wer."
Ik leaude der net folle fan.
Doe't wy thús kommen, wie 't by de doar allegear stil. Ik tocht: "Mis is 't al, it bern is dea." 'k Sei tsjin myn broer: "'t Is ôfroun, jonge."
Yn 'e hûs wie 't sa stil as in mûs.
It bern slepte. Myn frou fortelde, doe't wy sahwat by de duvelbander wêze koenen, wie 't bern stil woarn en yn 'e sliep rekke.
't Buorwyfke siet der ek. Der hie ek in oare buorfrou oer de flier west, dy kom wolris faker. 't Buorwyfke fortelde, der hie in hiele grouwe rôt oer 't finsterbank hinne en wer roan. Hja en myn frou hienen 't beide sjoen. It bern sliepte de hiele nacht.
Doe't dokter kom, sei er: "'t Kind betert toch."
En sa wie 't ek. 't Bern gong sjenderegen foarút. Us buorwyfke sei: "'t Bern wie bitsjoend. Dy grouwe rôt, dat wie dat buorwiif. Tink der mar ris om. Dy komt hjir net wer. Der binne nou machten tsjin har yn 't spier, dêr kin se net tsjin op. En tink om myn sizzen: - Dat minske libbet net lang mear. Dan stjert hja."
En sa gebeurde 't èk.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een echtpaar heeft een ziek kind dat maar niet ophoudt met kermen. Een buurvrouw raadt aan de duivelbanner te bezoeken, maar het echtpaar weigert. Als een tweede kind hetzelfde ziektebeeld vertoont, zet de vader van het kind toch koers naar de duivelbanner. De duivelbanner geeft de vader een drankje mee voor het zieke kind en waarschuwt hem het medicijn aan niemand te laten zien. Bij thuiskomst blijkt er een grote rat over de vensterbank gerend te hebben. Het kind blijkt betoverd: de rat blijkt de buurvrouw - de heks. Het kind geneest.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 457, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

18 augustus 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Monsma    Monsma   

Naam Locatie in Tekst

Oentsjerk    Oentsjerk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21