Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ049407

Een sage (mondeling), dinsdag 24 september 1968

Hoofdtekst

It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken.
Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik oer in planke. Dêr warskôge er my foar, dêr koe my wolris ien moetsje.
"As ien my moetet en dy komt my nei," sei 'k, "dan traepje 'k him fuort yn 'e Swâdde." 'k Wie froeger net sa mak.
Ik seach by de planke in wiif. Ik tocht: "Dû mast oppasse fanke, hwant dû hast net mei in makken-ien to dwaen!" Mar ik wie earder by de planke as hja.
Ik kaem bihâlden mei de drank thús.
De jonge krige fan it guod út it fleske en wie al moai-gau wer better.
It wiif hat syn kessen leech helle. Der sieten trije krânsen yn fan fear. 't Wienen roune dingen, krekt as in bûterkoeke. Ien wie klear, ien krapoan en de trêdde wie in bigjin mei makke. Dy krânsen ha 'k weismiten. It wienen dingen dy koenen net troch minskehannen makke wurde.
Se wienen sahwat in finger dik, de fearkes leinen allegear ien kant út en der siet fan alles yn. Allegear fodsjes en flardtsjes sieten der trochhinne. Ek jern.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een ziek kind blijkt betoverd. Wopke de duivelbanner geeft de vader van het kind een drankje mee, maar drukt hem op het hart het flesje goed tegen stukvallen te beschermen. Wopke voorspelt dat de vader van het kind wel eens iemand tegen het lijf zou kunnen lopen op de loopplank. De vader slaagt erin het drankje veilig thuis te krijgen. Het jongetje geneest al snel. Later ontdekt de moeder drie verenkransen in het kussen van het betoverde jongetje.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 494, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

24 september 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Wopke    Wopke   

Swâdde    Swâdde   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Twizelerheide    Twizelerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21