Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE453 - De wonderkuer

Een mop (boek), vrijdag 18 februari 1972

Hoofdtekst

De wonderkuer
Der wienen in pear âlde minsken en dy hienen in grutte soan yn 'e hûs. It wie in minne tiid en de soan sei: 'Ik wol de wrâld yn, hjir is ek neat te fertsjinjen'. Dat die er, hy reizge in hiel ein fuort. Mar it wie in apartenien—hy skreau bygelyks noait, wêr't er tahâlde.
De soan wie noch mar krekt fan hûs, doe hearden de âlde minsken fan in Ingelske professor, die hie wat útfûn, dêr koenen de lju wer jonger troch wurde, wol tritich jier en mear. Hy inte se yn mei apeklieren. De beide âlde minsken wienen sechstich jier, doe't de soan fuortgong. It wie har gjin berie wurdich; se reizgen nei dy professor en lieten har behannelje.
Yn 'e tiid, dat dy jonge fan hûs wie, barde der folle mear. Foar it plak of de wyk dêr't se wennen wie in grut fernijingsplan opset. De hûzen waarden sa bot fertimmere, dat men koe se net iens werom. En dat net allinnich—de strjitten waarden ek allegear feroare: se kamen oars te rinnen en waarden folle breder makke.
De soan hie in foech jier fuort west, doe krige er langst nei hûs, mar skriuwe die er ek no net. Hy kaam werom in syn berteplak, mar noait koe er it âlderlik hus fine. Wol in dei dwaalde er dêr om, mar te plak kaam er net. Op 't lêst seach er in jong frommiske efter in bernewein stappen. Dy sil 'k mar ris freegje, ornearre er, it waard ek al jûn. Ik bin dy en dy, makke er him bekend, dêr en dêr bin 'k ien fan. Ik haw in foech jier fuort west, mar no is alles hjir sa feroare, dat ik kin ús hiele hûs net iens werfine. Kinne jo my ek helpe?'
Doe sei se: 'Jawis wol, kom mar mei, myn jonge!' Hy stapte mei en se kamen tegearre by in hûs, dêr sei se: 'Hjir wenje dyn âlden'. 'Oh', sei er, 'soa! No, betanke, mar wa binne jo dan, as ik freegje mei, dat jo sa mei alles op 'e hichte binne? Want ik ken jo hielendal net'. 'Ik bin dyn mem!' sei se. 'Hoe kin dat no?' rôp er, 'mem is in splinterjong frommis!' 'Ja', sei se, 'dû wiest noch mar krekt fuort, doe hearden wy fan in útfining. Se kinne de lju ynintsje mei apeklieren en dan wurde se wol tritich jier jonger'.
De soan skodholle, hy hie der gjin wurden foar. Mar op 't lêst stammere er: 'Hat mem dan ek noch in poppe krige?'
'Nee', sei se.
'Wa hat mem dan yn'e bernewein?'
'Dat is jim heit—dy hat him al twa kear ynintsje litten'.

Onderwerp

VDK 1349P** - De verjongingskuur: apeklieren    VDK 1349P** - De verjongingskuur: apeklieren   

Beschrijving

Het zijn krappe tijden en een zoon besluit zijn heil elders te zoeken en geld te verdienen. Hij laat bijna nooit weten waar hij is. Vlak na zijn vertrek vernemen zijn ouders van zestig jaar dat je door vaccinatie met apeklieren dertig jaar of meer jonger kan worden. Beiden ondergaan deze kuur. Ondertussen wordt de wijk waar ze wonen totaal vernieuwd en is niet meer terug te herkennen. Na bijna een jaar keert de zoon terug en verdwaalt in zijn wijk. Hij vraagt een jonge vrouw waar het huis van zijn ouders is en dan blijkt dat ze zijn moeder is. Ze legt uit dat ze een verjongingskuur heeft gehad en dat de baby in de kinderwagen zijn vader is, want hij heeft zich twee keer laten inenten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.415

Commentaar

18 februari 1972
Ook als voordracht bekend.
De verjongingskuur: apeklieren

Naam Overig in Tekst

Engels    Engels   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20