Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE460 - Broadsje oaljefant

Een mop (boek), dinsdag 19 december 1978

Hoofdtekst

Broadsje oaljefant
Men mei samar gjin dieren oer de grins helje. Dêr moatte fergunningen foar komme. It moat hjir oan 'e Dútske grins bard wêze, dat in keardel út Dútslân wei kaam en dy hie syskes by him. Doe frege de douane: 'Binne der ek papieren by?' Nee, de man hie gjin papieren. Dat koe ek net, wat it is in ferbeane hannel. Hawar, de man mocht se net meinimme en fan need hat er se fleane litten.
Dy man reizge in bult mei dieren. Op in kear moast er in oaljefant út Dútslân helje. Doe kaam er ek by de douane. 'Ha jo dêr papieren foar?' fregen se. 'Nee', sei er, 'dy ha'k net. Mar ik mei dit beest doch wol meinimme—it is in tam dier'. 'Nee', sei de douane, 'jo komme der net oer'. 'Wat mei der dan al oer?' 'Net folle', lake de douane, 'miskien ha jo in broadsje yn 'e bûse—dat meie jo meinimme, mei wat der tusken sit'.
Doe gong dy man nei de bakker, hy kocht in broadsje, dat snie er troch, en doe plakte er de oaljefant de iene helte foar de kop en de oare helte op 'e kont. Hy kaam wer by de douane. 'Ho, werom! Dat ha 'k jo al sein'. 'Ja, ho, ho!' sei de man, 'sjoch, ik sil sels witte, wat ik tusken 't broadsje ha wol—jim moatte my gean litte'. Doe mocht er oer de grins.

Beschrijving

Zonder vergunning mag men geen dieren bij de Duits-Nederlandse grens meenemen. Als een man uit Duitsland zonder vergunning sijsjes in wil voeren lukt dat niet. Dan moet hij een olifant meenemen, maar die komt er ook niet over. Hij vraagt wat er dan wel over mag en de douane zegt dat hij wel een broodje mee mag nemen met wat ertussen zit. Dus gaat de man naar de bakker, koopt een broodje en doet de olifant er tussen. Dan is de douane verplicht hem door te laten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.419

Commentaar

19 december 1978

Naam Locatie in Tekst

Duitsland    Duitsland   

Nederland    Nederland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20