Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052811

Een sage (mondeling), donderdag 14 november 1968

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy wenne yn in hiel âld plaets. Dy moest och sa noadich forboud wurde. Mar dêr wienen gjin sinten foar.
De man prakkesearre der alle dagen oer en hie der gjin wille om. De plaets wie oan 't omfallen ta en dan wie 't net bêst. Dan hie er foar syn húshâlding en foar syn fé net mear in dak boven de holle.
Jouns kuijere er faek op it hiem hinne en wer. En dan mar prakkesearje. Mar hy foun gjin útkomst.
Op in joun doe roan er der wer sa to kuijerjen, doe stapte der samar ynienen ien njonken him lâns.
"Rinne jo mei hwat om?" frege dy.
"Ja," sei de boer, "myn plaets is striemin. Mar ik ha gjin jild om in timmerman komme to litten."
"Nou," sei dy persoan, "astû dochste hwat ik siz dan stiet der moarn foardat de hoanne kraeit in nije plaets."
"Hwat mat ik dan dwaen?" frege de boer.
"Dan mast alle goaden forwinskje en alle duvels oanhingje. En dan mast dit briefke ûndertekenje mei dyn eigen bloed. Dêr stiet yn, datstû moarns foar dat de earste hoanne kraeit in nije plaets kant en klear haste.
Sa net, dan jildt it net. As er klear is haw ik rjocht op dyn siele. Nimst dat oan?"
"Ik nim it oan", sei de boer.
Hja timmeren en timmeren dy nachts.
De boer rekke net op bêd.
Om twa ûre yn 'e nacht wie de plaets klear op 'e ûlebuorden nei.
Dan giet de boer nei 't hinnehok ta en klapt dêr yn 'e hannen. Dêr wurdt de hoanne wekker fan en hy ropt wit hoe lûd: "Kukeleku!"
Doe sei de boer: "Nou forwinskje ik alle duvels en ik hingje alle goaden oan."
Hy hie in nije plaets - op 'e ûlebuorden nei en de duvel mei syn hiele oanhang pakte op.
Mar de ûlebuorden ha der noait yn sitten bliuwe wold.

Onderwerp

VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen    VDK 1191A* - Voor de haan kraait boerderij bouwen   

Beschrijving

Een arme boer loopt piekerend over zijn erf omdat zijn boerderij op instorten staat en het geld voor een nieuwe boerenplaats hem ontbreekt. De boer wordt benaderd door een persoon - de duivel - die hem aanbiedt een nieuwe boerenplaats te bouwen. De boerderij zal de volgende morgen voor de haan kraait gereed zijn. Als de boer vraagt wat hij daarvoor moet doen, zegt de duivel dat hij alle goden moet verwensen en de duivels moet aanbidden. De boer moet ook een contract ondertekenen met zijn eigen bloed. Als de boerderij niet klaar is voor de haan kraait, is het contract ongeldig, aldus de duivel. De boer kan de slaap niet vatten en wekt om twee uur in de nacht de haan door in zijn handen te klappen. De boer zegt daarop 'Ik verwens alle duivels en hang de goden aan'. De boer ontkomt op deze manier aan het duivelspact. De boer heeft toch zijn nieuwe plaats gekregen, omdat die al gereed was op de uilenborden na. De uilenborden zijn er later nooit in blijven zitten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 528, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

14 november 1968
Voor de haan kraait boerderij bouwen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21