Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ055111

Een sage (mondeling), vrijdag 10 januari 1969

Hoofdtekst

Tichte by de Godloas Singel hat in boer wenne. Hy hie ris hwat forkocht en dêr hied er gâns jild foar bard. Dat jild hied er yn in blau sekje op 'e rêch. 't Wie tsjuster doe't er weromkom.
Der wienen twa mannen, dy wisten fan dat jild. Dy roannen him tomjitte om him to biroven. Doe't de boer fornom dat der hwat oankom, gong er gau ûnder in omkeard skouke lizzen, dat tarre wurde moest. Hwant hy fortroude him net earlik. Doe't de twa rovers oan 'e omkearde boat ta wienen, hearde er har sizzen: "Wy matte noch mar even wachtsje. Hy kin ús noait ûntkomme. Wy gean hjir sitten." En doe gongen se op dy omkearde skou sitten, dêr't de boer ûnder lei.
Doe sei de iene: "Wy meitsje him dea."
Mar de oare sei: "Né, ik wol him net deameitsje. Ik wol him wòl mei bistelle."
De man ûnder [de] boat koe dúdlik de lûden fan syn beide arbeiders ûnderskiede.
Hja sieten dêr in skoft, mar dêr kom net ien oan. Doe gongen se oerein om de boer fierder tomjitte to rinnen.
Doe't de boer dat fornom, kom er hastich ûnder 'e boat wei en makke, dat er thúskom.
De oare moarns by de thétafel siet de boer thús mei de twa biwuste arbeiders. It die bliken dat hy de lûden herkend hie. De iene, dy't him formoardzje woe, krige syn ûntslach. De oare koe bliuwe.
Dat boatsje lei oan 'e Godloas Singel.


Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Een boer kwam eens met een zak geld terug toen hij iets verkocht had. Op de terugweg zag hij twee mannen aankomen. Hij vertrouwde het niet, en verstopte zich onder een omgekeerde boot. De twee mannen waren zijn eigen arbeiders. Ze gingen op de omgekeerde boot zitten. Toen vernam de boer dat op hem wachtten, om hem te beroven. Na een tijdje liepen ze weer verder, en de boer vluchtte snel naar huis. De volgende dag heeft hij een van de arbeiders ontslagen, deze had hem willen vermoorden. De ander mocht blijven.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 551, verhaal 11

Commentaar

10 januari 1969
De man onder de omgekeerde boot

Naam Locatie in Tekst

Godloas Singel    Godloas Singel   

Godloze Singel    Godloze Singel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21