Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ058605

Een sage (mondeling), vrijdag 07 maart 1969

Hoofdtekst

Yn Tolbert wenne in persoan, dy hiet fan Wykstra. As dy oan 'e buorrel wie, wist er fan gjin ophâlden. Dêryn wied er krekt lyk as ik. Wy sieten wol us togearre yn 'e kroech.
Op in kear trof ik him wer. Ik sei: "Even nei de kroech net?"
Hy sei: "Né, ik drink gjin sterke drank mear. Ik drink allinne mar bier."
Ik sei: "Hoe nou."
Hy sei: "Dat sil 'k dy sizze. Ik kom lêsten us op in kear dronken út 'e kroech. 'k Wie ûnderweis nei hûs ta. Dêr kom de duvel oan. Hy gong lyk foar my stean. 't Wie in swarte gedaente, ik ha de hynstepoat sjoen.
Ik woarde kjel en ik woarde bang. Ik wist net hwat ik dwaen moest. Ik kearde my om. En dêr stie Jezus.
Doe koe 'k gjin kant mear út. Hoe't dat kom, wyt ik net. Ik draei my wèr om. Ik sei: 'Weg, Satan', doe gong er fuort.
Doe't ik thús kom ha 'k mem sweard, ik soe noait wer sterke drank brûke, en dêr ha 'k my oan hâlden."


Onderwerp

SINSAG 0933 - Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.    SINSAG 0933 - Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.   

Beschrijving

Een man kwam eens dronken uit de kroeg, toen hij opeens tegengehouden werd door de duivel. Hij herkende de zwarte gedaante aan zijn paardenpoot. Hij keerde zich om, en daar stond Jezus. De man kon geen kant meer uit. Toen heeft hij zich weer omgedraaid en gezegd 'weg, Satan' en toen kon hij erdoor. Sindsdien heeft de man nooit meer sterke drank gedronken.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 586, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

7 maart 1969
Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.

Naam Overig in Tekst

Satan    Satan   

Jezus    Jezus   

Tolbert    Tolbert   

Wykstra    Wykstra   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21