Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ060303

Een mop (mondeling), donderdag 20 maart 1969

Hoofdtekst

In doomny en twa âlderlingen gongen mei har trijen op hûsbisyk. Doe kom der har in man tomjitte, dy hie in prachtige koperen tsjettel yn 'e hân.
Doe seinen de beide âlderlingen tsjin 'e doomny: "Dy tsjettel wolle wy keapje."
"Ja," sei de doomny, "it is in prachtige tsjettel. Dêr soe myn frou ek wol sin oan ha."
"Nou," sei de man, "dy tsjettel kinne jimme net fan my keapje mar hwa fan jimme trije it botst lige kin, dy krijt de tsjettel fan my. Fortel mar ris op."
Doe bigoun de iene âlderling. Hy sei: "Ik boude in moesplant. Dy joech ik goed dong en dy moesplant groeide sa heech, oant er yn 'e hemel wie."
"Ja," sei de oare âlderling, "ik klom yn dy moesplant op, en ik kom oan 't ein yn 'e hemel. Doe kom dêr in moaije jongfaem oan en dy sei: "Wolle jo even tsjin jou maet sizze, dy't dizze moesplant boud hat, dat er my de tsien goune jowt, dy't ik de lêste kear oan him fortsjinne ha, hwant dy hat er my noch noait bitelle."
Doe sei de man tsjin 'e doomny: "Nou jo."
"Dat sil 'k jo fortelle," sei de doomny, "ik ha noch noait liigd en ik wol nou ek net lige."
Doe sei de man: "Hjir hastû de tsjettel, hwant dû hast dyn hiele leven altyd liigd en nou fortelst wer in leugen."
De doomny sette mei de tsjettel ôf.


Onderwerp

AT 1920 - Contest in Lying    AT 1920 - Contest in Lying   

ATU 1920    ATU 1920   

Beschrijving

Een dominee en twee ouderlingen gaan op huisbezoek en komen een man met een koperen ketel tegen, die de ouderlingen wel willen kopen evenals de dominee. Degene die het botste liegen kan krijgt de ketel. De ene beweert dat zijn boerenkoolplant tot de hemel reikte. De ander zegt dat hij in de plant tot de hemel klimt en een vrouw tegenkomt die van de eerste man nog geld tegoed heeft. De dominee zegt dat hij nooit liegt en krijgt de ketel, want hij heeft zijn hele leven al gelogen en vertelt nu ook een leugen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 603, verhaal 3

Commentaar

20 maart 1969
Contest in Lying & AT 1960G, The Great Tree

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21