Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ062302

Een mop (mondeling), donderdag 10 april 1969

Hoofdtekst

It gebeurde op in kear dat der rovers ynbrieken by in man en in frou sûnder bern. Mar dy rovers wienen mis. Sy brieken by in earme arbeider yn, mar sy moesten dêrnjonken wêze, dêr't it jild siet. Sy hienen har yn 't hûs forsind.
De man en de frou leinen njonken elkoar op bêd.
"Och heden," sei de frou tsjin 'e man, "hjir binne guon by ús yn 'e hûs. It binne ynbrekkers."
De man sei: "Myn Goedeleave stumper, jow dû dy dêr mar gerust om del."
Ien fan 'e mannen slûpte tichterby en sei: "Het geld of je leven."
De man sei: "Jo hoeve gjin leven to nimmen, hwant ik kom der net iens ôf."
"Siz dan hwer't it jild is", seinen de rovers.
"Nou," sei er, "dat wol ik wol. Wy kinne 't by dei net iens fine, hoe soenen jimme 't dan by nacht fine kinne. Ik siz jimme wel te rusten."
De rovers krigen yn 'e gaten dat se mis wienen en gongen fuort.


Onderwerp

AT 1341C - Robbers Commiserated    AT 1341C - Robbers Commiserated   

ATU 1341C    ATU 1341C   

Beschrijving

In plaats van in te breken bij mensen met geld, gaan rovers bij een arme arbeider en vrouw zonder kind naar binnen. Ze vergissen zich in het huis. De vrouw merkt dat er inbrekers zijn. Een inbreker sluipt dichterbij en zegt: geld of je leven. De man zegt dat zijn leven niet genomen hoeft te worden en dat als hij het geld overdag zelf niet kan vinden, hoe de inbrekers het dan bij nacht kunnen vinden. Hij wenst ze goedenacht en de rovers gaan weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 623, verhaal 2

Commentaar

10 april 1969
Robbers Commiserated

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21