Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ062306

Een sage (mondeling), donderdag 10 april 1969

Hoofdtekst

Yn Lúkswâlde wenne in boer, dy hiet fan Jan van der Werf. Doe't ik sechstjin jier âld wie haw ik as feintsje by him tsjinne.
Dy boer lei it der op oer om faillyt to gean. Gokke en sûpe en jildforgrieme. Elkenien koe sjen dat it forkeard gean soe.
Dy boer hie in droom, dêr seach er alles yn. Hy fortroude altyd op syn dromen.
Hy droomde, hy soe stokearm wurde. Syn plaets mei fé en lân, alles soe forkocht wurde. Hy soe neat mear oerhâlde.
De oare nachts droomde er wer. Sa gau as alles fan him forkocht wie, droomde er, soed er fuort in great gelok ha.
Hy fortelde dat de oare moarns oan 'e notaris. Doe wie krekt alles forkocht.
"Ik krij noch wer in great gelok", sei er.
"Och man," sei de notaris, "hoe soenen jo nou wer in great gelok krije. Jo binne ommers alles kwyt. Jo binne dea-earm."
De boer giet de saterdeis dêroan wer nei de notaris ta. Hy kloppet de notaris op 't skouder en seit: "Nou ha 'k noch mear as hwat ik fan tofoaren hie."
De notaris stekt him de gek oan en seit: "Dû wurdst aenst gek." Mar de boer seit tsjin him: "Sjoch, hjir ha 'k in krante. Matte jo dy mar ris lêze."
De notaris krijt de krante en seit: "Ik sjoch neat."
"O né?" sei er, "sjoch, hjir ha 'k in lot."
"Hwat hat dat to bitsjutten?" freget de notaris.
"Sjogge jo dat nûmer yn 'e krante? En dit nûmer fan 't lot? Ik ha de hûnderttûzen woun. Ut 'e staetslotterije."
"Wel fordomme", seit de notaris. "Nou mast oppasse en doch gjin domme slaggen wer."
"Né," sei de boer, "ik rintenierje nou en set it jild op 'e bank."
Hy hat wurd houden.



Beschrijving

Boer Jan van der Werf woont in Lúkswâlde en ik ben knecht bij hem geweest. De boer staat op het punt failliet te gaan door gokken, zuipen en geldverspillen. De boer ziet in een droom dat zijn vee en land verkocht wordt en stokarm wordt. De nacht daarop droomt hij dat na deze verkoop weer een gelukje komt. De notaris gelooft hem niet. Die zaterdag daarop komt de boer met het nieuws dat hij rijker is als daarvoor. Hij laat de notaris een krant zien met een winnend lotnummer waarop honderdduizend gulden is gevallen in de staatsloterij. Dat is het lot van de boer. De boer gaat rentenieren en zet het geld op de bank.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 623, verhaal 6

Commentaar

10 april 1969

Naam Overig in Tekst

Jan van der Werf    Jan van der Werf   

Staatsloterij    Staatsloterij   

Naam Locatie in Tekst

Lúkswâlde    Lúkswâlde   

Luxwoude    Luxwoude   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21